Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
6 april 2005
SDS League: Sibe’s Sjokkers pakke kopposysje wer.
7 april 2005

SDS 1 futsal
Yn in hast útferkochte sporthal yn Easterein helle SDS 1 in gelykspul tsjin FFS, in tige net Frysktalige ploech út Stobbegat.
4-4 wie de einstân. De doelpunten makkers wiene Feite, Harm, Willem en Robert.

SDS 2 futsal
Sy spilen om 9 oere tsjin Haskerland 1 en sy ferlearen mei 8-5. Yn elts gefal makke ynfalkrêft Stefan van Krimpen 2 doelpunten. De rest is ús noch net bekend.

Frysk Deiblêd
It Frysk Deiblêd wie tiisdei ek mei in ferslachjouwer nei Easterein ta kommen foar in ferslach fan de wedstriid SDS-ONT. Klik hjir foar it rissultaat.

Jierdei!
Juster is Marco Hoekstra 29 jier wurden. Syn freondinne Lysbeth “the Queen of Catan” Huitema is moarn jierdei. Beiden fan herte lokwinske!! Jim kinne hun ek felisitere troch hjir te klikken.

De map
“Wer is de map” frege Tsjeard Breeuwsma him ôf foar de wedstryd fan SDS 2. Normaal sprutsen hat Dirk Yde Sjaarda dy mar dy sit yn Skotlân en oan de foto’s te sjen hat er dêr gjin map nedich.. Yn sân hasten mei Skelte noch mar efkes nei de Sjaarda’s en dêr wie yndie de map. It wedstrydformulier koe dus ynfold wurde.

SDS 3 futsal
Sy moasten tsjin njoggenen fuotbalje op ‘e Jouwer. Sy hawwe dy pot ……..

Doelpunten (1)
Klaas Pompstra hâldt fan sifers. Sa makket hy sa no en dan in oersicht foar ús fan it totaal oan doelpunten dat skoord wurdt. Hy fergeliket dat my eardere jierren.

Foar in grafyk en it kommentaar derby kinne jim sjen by de rubryk senioren.

Doelpunten (2)
Tiisdei wiene der wer 4 doelpuntenmakkers. Ek de topskoorderslist is wer bywurke. Sjoch ek no by senioren.

Swee
De eardere groep Reboelje is fierder gien sûnder sjonger Marius, mar mei in nije namme: Swee. Tongersdeitejûn komme se foar de tillefysje by Omrop Fryslân, yn de rubryk Spegels. Op 30 april spylje se yn it Dielshûs.

Slach oer de kop
Foarhinne skuorde elkenien syn sjurtsje út of oer de kop wannear dy in doelpunt makke hie. Dat is no ferbean. Wat net ferbean is in “slach oer de kop ” te meitsjen. Wy binne echt benijd hokker doelpuntenmakker it sneon oandoart sa’n akrobatyske tour út te heljen. Foar de feteranen is in koprol foldwaande. Jou it ús troch!!