Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
29 maart 2005
Wepperkes -tongersdei-
1 april 2005

SDS 4 docht ferslach
No’t de fêste ferslachjouwer fan SDS 4 in blessure simuleart, is der gelokkich wol in goeie ferfanger foar it
ferslach. It giet oer Eddy, oer skiep, oer fleskes, oer traine en oer in tichte kantine.

Topfysio
Op de side fan Anne Harm Nauta stiet ek in rubryk toppers. Stiet dêr ek in SDS-ers by?
Sjoch hjir!
At jim de side goed trochsjogge, dan sille jim konstateare dat Anne Harm fanôf 1 maaie gearwurket mei Alfred Guljé yn Snits. Beide wurkje dan ûnder de namme Topfysio.

Tip
At je feteraan binne dan hawwe je ien foardiel. Je hawwe gjin lêst mear fan jeugdpûsten. Altemets at je fansels net yn je twadde jeugd komme. Wy binne der no lykwols efter hoe’t je se kwyt wurde kinne. Spesjaal derom foar ús fans fan Sabetocht, Dophok, Wommels op stap in tip. Sjoch hjir

Kwisfragen
Wy krigen noch twa reaksjes binnen mei goeie antwurden:
Johan Feddema út de Pein (dus fan ONT)
Dick Stoelwinder fan Kûbaard
Beide joegen in goeie reaksje en tipten ús ek noch. Sa hie Johan noch in moai listke fan nammen fan ONT-ers, mar it liket ús ta dat nimmen dy kin.
Dick tipte ús oer noch folle mear bynammen. Dy hâlde jim te goede.

Wy hawwe no 7 goeie oplossingen binnen en dat is helaas wer krekt te min om der in echte priis tsjin oan te goaien.
Derom hjir de goeie oplossing:

Boris Becker

Boom boom

Diego Maradona

Pluisje

Floris Jan Bovelander

Floppie

Jeroen Blijlevens

Jerommeke

Laurent Fignon

de Professor

Marco Pantani

Olifantje

Ruud Gullit

Zwarte tulp

Yvonne van Gennip

Goudhaantje

Wat in wille!
SDS F5 hat ôfrûne sneon jammer genôch wer ferlern mar de wille is der net minder om. Hjir sjogge jim Solomon de Hoop yn aksje tsjin de Waterpoort Boys.


Skoalleseize nog steeds volop in aktie
Nadat de heren Abe-jan Stegenga en Tom Couperus de geheel aangepaste kunstmeststrooier cq bezander hebben gepresenteerd is nu het volgende project alweer bijna voltooid.
Een geheel in eigen beheer ontworpen rol voor nog vlakkere velden op de Skoalleseize ( octrooi is inmiddels aangevraagd, dus namaak is verboden)
Binnenkort zal dit noeste stukje vakwerk ingezet worden.
Binnenkort meer nieuws van de Skoalleseize.

Dit is ‘m!

Nije stjer!
Yn ‘e seal by SDS 3 is al in skoftke in nije SDS-stjer te bewonderjen. It giet om Johan Dotinga út Snits. Jûn kinne jim him sjen yn de wedstriid tusken SDS 3 en Haskerland 7. Je moatte dêrfoar wol nei de Jouwer.
Net te ferwarren mei Jehannes Dotinga út Wommels.

Teamwurk
Ek yn it fuotbaljen giet it net om it individu. De teamgeest en it teamwork bepaalt faaks it rissultaat. Klik hjir foar in goed foarbield fan teamwurk(klik
hjir).

Letter mear!