Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
28 maart 2005
Wepperkes -woansdei-
30 maart 2005

A1 ferliest krekt
A1 hat tiisdeitejûn de ynhelwedstryd tsjin Leeuwarder Zwaluwen mei 2-3 ferlern. By it skoft wie it 0-1. Nei de thee rûnen de gasten út ta 0-3. Yn koarte tiid makke SDS 2 doelpunten: Hjalmar Ruiter en Geert Dijkstra skoorden, hoewol dat lêste doelpunt yn de neare nacht hast net te sjen wie. Der wie sels noch kâns op in gelykspul, mar it siet er krekt net yn.

Foto’s Aaipop
It wie mar goed dat der juster net fuotballe waard. In soad SDS’ers wienen op Aaipop. Sjoch op de websides fan Versuiteigenoven.nl(klik
hjir), fan Sabetocht.nl(klik hjir) en fan Jaring Rispens(klik hjir)

Ôflast!
SDS 3 soe jûn ynhelje tsjin ONS 3. Dizze wedstriid wurdt jammer genôch wer ôflast om ’t ONS 3 te min spilers hat.

Programma SDS 2
De rest fan it kompetysjeprogramma fan SDS 2 is wat feroare. Klik hjir om te sjen hoe as de rest fan it programma derút sjocht.

Clarence Henk en Clarence Sjoerd
It wie net allinnich Henk Postma dy ’t sneon in penalty miste. Ek Sjoerd Rispens wist fan 11 meter de bal net yn ‘e goal te krijen. Om ’t de beide strafskoppen sa goed as tegelyk nommen waarden steane Henk en Sjoerd tegeare boppe-oan yn it Clarence-sluier-klassemint.
Photograph
Clarence Sjoerd en Clarence Henk koenen der op Aaipop noch net oer út dat sy mist hienen.

Redmer Stegenga

Hjir de lytse fan Abe Jan en Lysbeth.

Oplossing
De oplossing fan de fraach “wa as net skoorde tsjin wa?” wie Jurrie Koolhof. Hy tocht as PSV ‘er te skoren tsjin Helmond Sport. By Helmond Sport stie Otto Versfeld(dyselde dus as by dy pingel fan Cruijff en Olsen) op ‘e goal.
Dizze oplossingen krigen wy binnen:
*Halvar Thoresen
(Groetnis ut de Pein fan een ONT’er!
Johan Feddema)
*Jurrie Koolhof
(Klaas Pompstra)
*
Jurrie Koolhof tsjin Den Bosch
(Hendrik Eringa)
*Hoi It is Jurrie Koolhof fan psv die’t skoard uh net skoard tsjin van Ede fan Utert (Utrecht)
(Hendrik Eringa)
*
De spits is Jurry Koolhof, de doelman is Pieter Jan Mazzelaar
(
met vriendelijke groet, Klaas Molenmaker)
Helaas dus net ien folslein goed antwurd. De priis bliuwt dus stean. Jappie Wijnia wist it anwurd al mar dy die net mei.

Net best!
Juster in raar ûngelok by Wommels. Wy hawwe de earste foto’s. Skrik net en gean der yn elts gefal efkes by sitten. (Klik hjir)


Oare kwisfraach!
De “bynamme”kwisfraach dy’t snein en moandei hjir op setten is, wie makliker. Wy hawwe fan de folgende minsken in goed antwurd krigen:
Anco Elgersma (de Knipe)
Johan de Graaf
Dirk Martijn Tol (Kootstertille)
Famylje Kruijer (Hoogezand)
Willem Wijnia ( hy mocht dizze kear ek mei dwaan)
Us stelrigel is dat elke tsiende ynstjoerder in priiske wint, dus wachtsje wy moarn noch efkes ôf. At er tsien of mear goeie ynstjoeringen binne, ferlotsje wy de priis.
mail dus nei info@vv-sds.nl

Foto’s
In protte foto’s dy’t wy sa sneons nimme, bliuwe wolris lizzen. Dêrom is it moai dat in oantal fan de kleurige plaatsjes yn de kommende treffer har gerak krije. Utfierd yn “full colour”. Wy binne sels ek benijd hoe’t it der út sjocht.