Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
1 februari 2005
Wepperkes -tongersdei-
3 februari 2005

SDS 1 oefent yn Snits
Tiisdeitejûn hat SDS 1 in oefenwedstriid spile tsjin in kombinaasje fan Sneek1/2 sneins.
De einstân wie 3-2 en der wiene 2 doelpunten fan Hendrik de Jong.

Feyenoord al wer in nije spiler
Wy krigen it berjocht dat Feyenoord noch krekt foar it sluten fan de merk in nije spiler oanlutsen hat. Dizze spiler rapte it net út fan gelok:
Ik ben ontzettend slecht
en zo kwam ik bij Feyenoord terecht
ik scoor maar een beetje
en dat weet je
Ik heb mijn sportive toekomst vermoord
want ik heb getekend bij Feyenoord.
Ali B.


Blessure
Je dogge it altiten. Je steane yn it muorke wylst de tsjin stanner in frije traap nimt. Je witte sa net wêr as je je hannen hâlde moatte en hâlde se dan mar foar de lytse man. Neidat je dizze foto sjoen hawwe sil dit de kommende jierren ek net oars wurde, want je kinne der oars rare blessures oan oerhâlde(klik hjir).

Sollisitaasje?
No ’t Hendrik de Jong asen wol gauris op sneon wurkje moat, wurdt it fansels hiel oantrekkelijk om op snein fuotbaljen te gean. Hy hat juster alfêst syn fisitekaartsje ôfjûn by Snits mei 2 goals foar SDS yn de oefenwedstriid tsjin Snits. Wy binne benijd as Snits hjir ek wat mei docht.

Witte jimme it al?
Hawwe jimme al in idee wa as dit binne? Mail it efkes nei info@vv-sds.nl!


Lêste 16
As it goed is dan is SDS 2 sneon mei de winst yn ‘e beker op QVC 2 by de lêste 16 kommen yn de beker. Wy sille moarn probearje út te sykjen wa as der noch mear yn ‘e beker sitte en tsjin wa as der lotte is. Witte jimme wat, mail it dan efkes nei info@vv-sds.nl.

Lisfytsers doge net
Wy sommige minsken al tochten, stiet no swart op wyt. Lisfytsers dy doge net. En de skriuwer fan dit artikel hat hjir wierskynlik yn de buert west.