Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
2 februari 2005
Seleksjes SDS 1 en ONT 1
4 februari 2005

Riquelme

Is dit miskien wat foar Ajax?

Links
In stik of wat links fanôf dizze webside nei de webside fan de KNVB wurkje net mear. Dit sil folgende wike oanpast wurde.

De Treffer
De Treffer fan jannewaris is ek wer te besjen op ynternet. Hjirfoar hawwe je wol Acrobat Reader noadich. Klik
hjir om de nije Treffer te besjen. De foto’s steane net yn dizze fersie.

Beker SDS 2
Wy witte yn elts gefal dat dizze ploegen ek trochgien binne yn ‘e beker:
-Urk 2
-De Weide 2
-LTC 2
-SDS 2
-ACV 2 of Knickerbockers
+ 3 teams dy ’t frij lotten wiene(o.a. Leeuwarder Zwaluwen 2)
Dan hawwe wy 8. Soe SDS dan al by de lêste 8 wêze? Witte jimme mear mail it dan nei
info@vv-sds.nl

Stoffel is jierdei!!
Yn ‘e aginda kinne jimme sjen dat Stoffel hjoed jierdei is. Wy winskje him allegear fan herte lokwinske! Klik
hjir om him persoanlik te felisiteren. Miskien wie dizze ynboukeuken net in raar kadootsje foar him west.

Karatekid
Wa kin net de karatetrap fan de ek yn dizze omjouwing tige populaire lowietje van Gaal. No’t hy aansens wer oan de bak moat by AZ en fansels wer alle oandacht lûke moat, is hy no al op les foar de
karate traap.

Op de bank
Wa hat it noch nea meimakke. Foardat it bêd yn sicht is, je efkes deljaan op de bank en yn in wol hiel djippe sliep falle. At je dan ferkearde freonen hawwe, kin it in hiele
klap wurde.

SDS 3 en 4 oefenje sneon
It begjint wer te kriebeljen by in protte lieders. Derom wurde der al wer wat oefenwedstriden regele. SDS 3 sil sneon nei Nijlân ta en SDS 4 sil tsjin CSL (mei âld trainer Klaas Dijkstra) oefenje.