Wepperkes – freed –

Wepperkes – woansdei –
5 juni 2007
Wepperkes -sneon-
9 juni 2007

Seleksje
Sneon is it Midsimmertoernooi yn Dronryp. Tjalling Sikma jout ús troch dat de folgende spilers yn de seleksje sitte:  Jaap, Skelte, Harm, Tjipke, Anne, Halbie en Tsjalling. It begjint dêrom 11.00 oere.

Kom nei Wommels
Ek SDS is aktyf west op de manefestaasje Kom nei Wommels. Woansdeitemiddei hat de jeugdkommisje fan SDS drok dwaande west om it fuotbal te promoaten.
Anco Elgersma makke noch wat foto’s en dy binne hjir te sjen.


De doelen binne werom

Mei arguseagen seagen de Eastereinders dizze wike de doelen fan SDS op de Terp yn  Wommels stean. “Ït sil dochs net sa wêze dat……..”

Nee dus, de doelen binne  ûnderwilens werom

De Treffer
It fuotbalseizoen is al ôfrûn, mar de lêste Treffer moat noch komme. Wij tinke dat de Treffer dit wykein bij jim troch de bus skood wurdt.
 
Wommels.nl
Hjoed 6 juny is de ynternet side fan Wommels de loft yn gien. Der binne meardere SDS-ers belutsen west bij de tarieding. Sa hawwe Mark en Rudy de site makke fanút harren bedriuw en foarmje Jan Rispens, earder in snelle linksbûten fan SDS, Tjerk van der Pol, lieder F3, Hessel Hofstra (heit fan Gerlof Jan en trouwe besiker SDS 1), Frouke Bleeker ( fuotballer fan Tsjom en dit jier twa kear winner tsjin SDS 5) en Aant Hofstra de kommisje.
Om te sjen moatte jim hjir klikke.

Fekânsje
Willem is noch op fekânsje en komt oer in dei as wat wer thús en Aant giet ien fan de kommende dagen op fekânsje. Dat betsjut wannear je nijs hawwe, it maild wurde kin nei beide adressen. Dan sjogge wij wol wa’t it der op sette kin en wannear.