Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
21 februari 2007
Seleksjes sneon 24 feb.
23 februari 2007

Futsal: SDS 1 ûnderút
Yn de nije sporthal fan Sportstad Heerenveen hat SDS 1 juster mei 6-2 ferlern fan FFS. Yn dizze prachtige (mar ûngesellige) sporthal hie der miskien mear yn sitten as SDS wat feller en wat gelokkiger west wie. SDS kaam dan wol terjochte mei 1-0 efter, mar de 2-0 en 3-0 wienen te foarkommen west foar de rust. Nei de rust waard it noch 4-0 foardat SDS te toutsjes yn hannen naam. Troch in eigen goal en in doelpunt fan Robert waard it snel 4-2 en de iene nei de oare bal flein by FFS op de peal. Doe ’t de goal net foar SDS foel wie it wachtsjen op de goal fan FFS. Dizze foel dan ek noch, sels 2 kear; 6-2.
SDS hoecht no pas wer oer 2 wiken út tsjin Exstador.

Futsal: SDS 3 wint
SDS 3 hat juster mei 5-2 wûn fan Blauw-Wit ’34.

Wheagan tekent een nieuw sponsorkontrakt


Wheagan multicar service heeft een nieuwe sponsorcontract met SDS afgesloten. 10 jaar lang was Wheagan shirt en trainingspaksponsor van de A junioren. Wheagan heeft besloten een ander ook eens kans te geven om zijn naamsbekendheid via deze weg te vergroten en stopt na dit seizoen als sponsor van de A junioren.

Wheagan blijft een goede subsponsor van SDS met een bord, treffersponsor op de omslag en shirtsponsor van futsal 2. SDS en Wheagan rekenen op een goed resultaat van deze samenwerking zodat ook in de toekomst we beide sterk voor de dag komen.

 

SDS 5 oefent tsjin SDS 6
Sneon 3 maart sille SDS 5 en 6 tsjinelkoar oefenje. De spilers kinne dat no al fêst yn de agenda sette. Om 12.45 oere sil it heve.

 

Net mear ôfbelje
Lieder Klaas Okkema joech sneon oan dat spilers sels sneons ferantwurdelik binne om te sjen at it fuotbal wol of net troch giet. Ynternet rieplachtsje of nei Klaas belje. In goed foarstel liket ús sa ta.


Biikebrenne
Das Biikebrennen der Nordfriesen. 
Skelte Anema is dizze wike net op de Skoalleseize te sjen. Hij krige de kâns om nei it biikebrennen te gean. Wat dat is? Dat kinne jim op
dizze webside of dizze webside sjen.

 

SDS 1 oefent sneon
Kommende sneon oefent SDS 1 yn Wytmarsum tsjin Mulier 1. It begjint om 14.30 oere en Jaap en Nanny binne der dan seker ek.

Boekholts fuort?
Der geane geruchten dat sawol Jaap as syn soan Korné Boekholt op it ein fan it seizoen SDS ferlitten gean. Dat soe hiele spitich wêze. Hielendal om ’t it ek noch om 2 keepers giet. Wa kin ús fertelle wat der fan dit gerucht wier is? Mail it nei info@vv-sds.nl!

Liverpool Rocks!
Yes, Yes, Yes,!!
Feest yn huize Scheltema. En het bleef nog lang onrustig! Wat in wereldprestatie!!
Freddie
(klik
hjir
)

Letter mear!