Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
31 maart 2007
Wepperkes -woansdei-
3 april 2007

SDS 1 spilet gelyk
De lêste tuskenstân dy’t wij troch krigen fan Buitenpost 1 – SDS 1 wie 1-1. Dat wie krekt foar de ein. 
Gerard van Asselt befestigt dat it 1-1 bleaun is. Doelpuntenmakker: in Bûtenposter.
Neffens Dirk Yde Sjaarda hat Robert S. him yn alle gefallen net makke.

SDS 2 ferliest fan kampioen
It wie glûpende kâld yn Easterein. Dat betjsutte net dat er gjin minsken oan de kant stiene bij SDS 2 – Flevo Boys 2. In bus fol supporters en spilers út Emmeloord wiene mar kommen foar ien ding. Nei ôfrin in feesie fiere. En dat slagge. Want SDS ferlear mei 0-2. Healwei de earste helte waard it 0-1 en it duorre oan 5 minuten foar de ein dat it 0-2 waard. Marten Faber hold lange tiid syn doel aardich skjin.

SDS E3 wint
E3 hat tiisdeitejûn op it haadfjild spile. Der waard in klinkende oerwinning helle op Easterlittens E2.
De einstân wie 8-0. Moarn it ferslach mei wat foto’s.

Helden fan Rotterdam

In huldiging op de Coolsingel siet er krekt net yn foar de twa helden út Ljouwert. De bruorren Franekena fûnen it earste aai fan Rotterdam. Grutsk litte sij it sjen oan de fersammele parse. Marcel mei him no “ornothodontologopefiel” neame. Yn Easterein wol hij lykwols noch graach as trainer of Marcel oansprutsen wurde.

Peasketoernooi
Klaas Molenmaker is in echte leafhawwer fan hinnen. Net om op te iten mar om der wat moais fan te meitsjen.
It kommende wykein kin Klaas net fuotbalje want hij moat mei syn hinnen op paad. Nei in flinke winter trochtraine sil kommende sneon blike moatte wêr’t syn ploech stiet.  Wij seagen efkes bij
in training.

Se komme der oan!!!

Kommende sneon komt ONT op besite yn Easterein. Oer it fjild yn Easterein sitte se net yn. Der binne hiele oare saken dy’t harren dwers sitte.

SDS League
Dizze wike eindelijk wer in nije stân yn de SDS League. Wy hoopje de nije stân woansdei klear te hawwen.

Hy wol der net yn!
Eltse fuotballer kint it gefoel. Je binne de hiele wedstryd better, mar de bal wol der mar net yn…….(klik
hjir).

Nijs?
Mail it nei
ús!