It begjin (2)

Wepperkes (woansdei)
24 maart 2004
It begjin (1)
25 maart 2004

It begjin (2)

Sa as al earder sein wie VVO yn’e begjinjierren net lid fan De Bond, want hja hiene net in goed fjild. It kampke lân by Van der Valk foldie yn’e fierste fierte net oan’e easken. Hoe as hja dan dochs oan in knap field komme binne dat kinne wy net achterhelje. Doe waarden der faaks noch net oantekens makke. Wol witte wy dat yn 1948 ‘de sportvereniging Oosterend en Omstreken’ oprjochte waard. De gymnastiekferiening ODI, de landelijke Rijvereniging De Donias en de fuotbalferiening VVO sieten dêr yn en letter kaam de keatsferiening der ek noch by. Dizze sportferiening koe in stik lân fan’e Tsjerke te hier krije, de Skoalleseize. Dat stikje lân wie doe yn gebrûk by H.H. Kuiper, mar mei wat ruiljen fan tsjerkelân koe dat wol oplost wurde. It wie noch in hiele put, om fan dat stik greide in geskikt sportfjild te meitsjen. Mei help fan’e DUW (wurkleazen) waard de maneezje útgroeven en mei dy modder makken hja de greppels ticht. Dat barde allegearre mei de skeppe en kroade en doe it karwei dan eins klear wie, makken se alles flak mei de wals. No dat lêste hiene se nea dwaan moatten, want sûnt dy tiid woe it reinwetter net mear fuort. Mar hawar it fjild is der, flak en grien….. VVO koe yn’e kompetysje. Allinne der wie fuortendaliks al in probleem. De namme VVO wie der al… Easterlittens hie Easterein foar west. Der moasten viif nije nammen ynlevere wurde by De Bond ‘in volgorde van voorkeur’. De penningmeester, Yme Zijlstra, was daar kort en duidelijk in: hy sei it moat SDS wurde en de oare bestjoersleden betinke de oare fjouwer nammen mar.

SDS stiet no foar ‘Sterk door samenspel’, mar as dat ek bedoeld is doe’t de namme betocht waard is net mear te achterheljen. It soe ek wêze kinne ‘Sterk door samenwerking’.