SDS League: Dream Theater pakt wykpriis!

Wepperkes -woansdei-
30 oktober 2007
Wepperkes -tongersdei-
1 november 2007

It is dizze wike ferrassend de nûmer 63 fan foarige wike, Dream Theater fan Gearard Posthumus, dy ’t mei mar leafst 52 punten de wykpriis pakt.

Gearard syn team in “systematic chaos”?

De nûmers 2 oan ’t 10 feroarje eltse wike fan plak, mar de nûmer 1 stiet noch altiten stevich boppe-oan. It is dus noch altiten Eastender Nightmares fan Sybren Wijnia dy ’t de kopposysje hat.

De koaches út 058 dogge it dizze wike net gek. “Al Bundy; The Chief(Sjoerd van Beem)” klimt yniens nei it 2e plak, “058-eeh(Skelte Anema)” rukt op nei it 11e plak en sels de “Jan Bami-boys fan Marcel Frankena stijge fan 21 nei 13. No Cambuur noch……..

Pieter Liuwe van der Valk kin hast romte meitsje op syn skoarstienmantel foar de poedelpriis. Mei “P van P” stiet hy noch altiten stiif ûnderoan.

It jild foar de SDS League wurdt hecchstwierskynlik fan ‘e wike fan jim rekkens ôfskreaun. Ek sille de prizen fan de earste 5 wiken oermakke wurde.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 6.