Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
16 januari 2007
Wepperkes -tongersdei-
18 januari 2007

Futsal: SDS 1 – ZVF 1
Wat kin fuotbal wreed wêze sille de Frjentsjers jûn let sizze. Wat kin fuotbal moai wêze, sizze op dat stuit de SDS-ers. Se tinke beide werom oan de selde wedstryd. SDS like in kânsleaze wedstryd te spyljen want nei in 0-1 efterstân bij skoft waard it 0-2 en 0-3. Mar 10 minuten foar de ein kamen de earste echte kansen en it wie earst Tsjipke dy’t wat gelokkich skoorde, doe wie it Peter dy’t fan grutte ôfstân rekke skeat en doe wie it Harm dy’t ferwoestend úthelle. 3-3 waard de einstân. En wat levere de jûn noch mear op: Willem Wijnia hat keeperskwaliteiten: allinne de skeids seach dat net, sadat ZVF yn de lêste minút gjin strafskop krige.
It publyk gie optein nei hûs.

Futsal: SDS 2 wint
SDS 2 wûn yn de Jouwer (nei mei 0-3 foar stien te hawwen) mei …4-7. SDS 2 docht dus goeie saken. Der folget noch in útgebreid ferslach.

Gjin trainen
Voor vanavond zijn alle trainingen afgelast.
Bestuur Skoalleseize

Ûnderskatte?
By SDS 1 misse jûn yn elts gefal Robert, Feite en Jan-Simon. It is te hoopjen dat ZVF SDS no mar net ûnderskatten giet…………of diene se dat wol bij 0-3?

Oefenje
SDS 1 sil kommende sneon in oefenwedstryd hawwe yn Harns tsjin Zeerobben. De wedstryd begjint om 14.30.

Freed
Net ferjitte om freedtejûn te kaarten of te pylkjengoaien yn de kantine. Alteast at de kantine de stoarm fan tongersdei wer trochstiet.

Tillefoanketen (1)
SDS B1 makket gebrûk fan in tillefoanketen. Foardiel, elts hoecht mar 1 kear te skiljen, boadskip is samar oerbrocht. Neidiel, it wurket allinnich as eltsenien skillet…
We ha hjoed in útdaging fûn.
Gebruk fan de tillefoanketen mei de folgende boadskip: jûn gjin trainen, freed 17.00-18.00 sealtrainen, sneon 12.00 oere yn de boks

Tillefoanketen (2)
It is slagge… Mar miskien kinne jimme efkes taheakke dat hja om 11.45 yn de boks wêze moatte… 
Klaas

Liften 2007
Ús freonen út Nijlân hawwe harren webside “
Versuiteigenoven.nl” ek wer út de wintersliep helle. Klik hjir foar in reportaasje oer it liften 2007(klik hjir).

Jierdeikado
Willem hat wol in hiel bijsûnder jierdeikadootsje krigen.