Wepperkes -woansdei-

SDS League: Vinnige Frikandel pakt wykpriis!
31 oktober 2006
Wepperkes -tongersdei-
2 november 2006

Futsal
De futsallers fan SDS 2 hawwe jûn frijôf. De wedstryd thús tsjin FCL 3 giet net troch. Wêrom is ús net bekend.

Futsal 3
SDS 3 moat jûn al gewoan los om 21.30 thús tsjin Friesland 7.

Ledegearkomste
Kommende moandei wurdt der wer in ledegearkomste fan SDS hâlden. It begjint om 20.00 yn de kantine fan de Skoalleseize. Alle leden fan SDS binne fan herte wolkom. Klik hjir foar de útnoeging.

Nije boerdsponsor
De sponsorkommisje hat it der mar drok mei, mar it is harren wer rêden om in nije boerdsponsor te finen. Binenkoart sil Metz style út Wommels mei in reklameboerd rûn it fjild fan SDS stean.

Fuotbalkenniskwis
Wij kinne melde dat de kandidaten foar dit jier bekend binne. Wij binne tige bliid mei in flink oantal debutanten. Want je moatte it mar doare.
23 novimber: Willem Wijnia, Wichard Deinum, Lolke Hofstra.
Dit liket ús in start ta fan heech nivo. Wichard twa kear finalist, Willem twa kear winner en Lolke ien kear winner.
7 desimber: Daan Boersma, Ype Tiemersma en Sjoerd van Beem.
21 desimber: Jildert Hylkema, Gearard Posthumus en Feiko Broersma
Alle jûnen pleatst ien kandidaat him foar de finale. De finale wurdt holden op 6 jannewaris 2007. Nei de snertrin en it snertiten.

Dukke shoppen?
Yn Denemarken wit eltsenien wêr ’t Dukke van der Weij gek op is(klik hjir).

Harsens derby(14)
Ûnder it fuotbaljen kin je in man better mar net store!!(klik hjir).