SDS League: Vinnige Frikandel pakt wykpriis!

Wepperkes -tiisdei-
30 oktober 2006
Wepperkes -woansdei-
31 oktober 2006

It is dizze wike De Vinnige Frikandel dy ’t der fantroch giet mei de wykpriis. Hy pakt mar leafst 71(!!) punten. Mar ja, wat wol je ek mei in dûbel programma. Hy hat krekt ien punt mear as Balletje Breed Kees fan Kees Adema.

Tom, Pieter & the Heartbreakers nimme de kopposysje oer fan FC Jankbek fan Ids de Boer.

AAS fan Marco Hoekstra hat de gang nei boppe wer ynset en giet fan 63 nei 33!!

Dit binne de toppers fan de ôfrûne wike:
1 Koné PSV 22
2 Mendes da Silva AZ 20
3 Sneijder AJA 16
4 Farfán PSV 15
5 Stekelenburg AJA 14
  Gomes PSV 14
  Heitinga AJA 14
  Emanuelson AJA 14
  Alex PSV 14
  Lamey PSV 14
  Da Costa PSV 14
  Martens AZ 14

Tonight’s the Night fan Lolke Hofstra makket in flinke klapper en giet fan 4 nei……. 21.

Tsjeard Hofstra stiet noch altiten ûnderoan mar krijt konkurrinsje fan Theo Krat!(Johan Postma). It giet sowieso net sa goed mei Theo “kratsje” Jansen fan Vitesse. Snein feroarsake hy ek al in pingel. Theo Krat en Co. fan Jaap Toering is sels de ferliezer fan de wike mei mar 20 punten. 

Miskien is Ties Boys(Ties Bruinsma) wol de grutste ferliezer fan ‘e wike. Hy sakket mei mar 20 punten fan 14 nei 47.

De ferdedigers en de keeper fan FC Utrecht hienen in minne wike:
Vorm UTR -5
Braafheid UTR -5
Broerse UTR -5
Cornelisse, Tim UTR -5
Dickoh UTR -7


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 6.