Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
31 oktober 2006
Wepperkes -freed-
3 november 2006

Ledegearkomste
Kommende moandei wurdt der wer in ledegearkomste fan SDS hâlden. It begjint om 20.00 yn de kantine fan de Skoalleseize. Alle leden fan SDS binne fan herte wolkom. Klik hjir foar de útnoeging.

Futsal 3
SDS 3 hat justerjûn fuotballe tsjin Friesland 7. Wy binne benijd nei de útslach. Mail it nei inf@vv-sds.nl.

Thús
Kommende sneon spylje sawol SDS 1(tsjin Blauw-Wit’34) as SDS 2(tsjin Urk 4) om 14.30 thús. Ek SDS A1 moat thús. Sy spylje om 12.45 tsjin  Bant A1. Klik hjir foar it hiele programma.

SDS 1 – Blauw-Wit’34 1
Sneon spilet SDS 1 thús tsjin Blauw-Wit ’34 1. In wedstryd tusken de nûmers 3 en 2. Wy krigen fan Jan Dijkstra fan Voetbalnoord wer in útgebreide foarbeskouwing op de wedstryd fan sneon(klik hjir).

Marcel Frankena-Cees Jansen
De wedstryd fan sneon tusken SDS 1 en Blauw-Wit 1 stiet fansels ek yn it teken fan de striid tusken de 2 Ljouwerters Marcel Frankena en Cees Jansen, de SDS-trainer fan no en de âld-trainer fan SDS dy  t beide op it heden mei krukken rinne. Ús reporter yn Ljouwert spotte harren fanmiddei as twa oer fuotbal kwêkjende jonge froulju mei beide ien kruk by de Oldehove.


Kano kwyt
Sûnt Ate Feike de Boer net mear fuotballet hat hy in nije hobby fûn. Jammer genôch komt hjir no ek efke neat fan:
Sûnt de stoarm tiisdei- op woansdeitenacht is fermisse wy ús donkerblauwe kano. Hij is foar it lêst sjoen op
tiisdeitemiddei rûn itenstiid, troch Janneke. Sunt dat
momint untbrekt els spoar.
De kano is te omskriuwen as flitsend, skerp en snel,
lykas syn baaske, en lusterd nei de namme ´Angelos´.
Hat immen de kano sjoen, of kin immen sizze wa as us
mear fertelle kin, dan graach contact opnimme mei de
redaksje fan de SDS webside(klik hjir)..
Tige tank alfest, Ates Feikes de Boer

Champions League
De Champions League op tillevysje is by tiden net te sjen. It duorret fiersten te lang en de leukste wedstriden binne meastentiids as lêste oan de beurt. Wy hawwe hjir de oplossing. Klik hjir en sykje om de geweldige aksje fan Wagner Love(CSKA), de miste kânsen fan Arsenal, de frommelgoal fan Allback(Kopenhagen), de wereldgoal fan Lampard(Chelsea) en de goeie prestaasje fan PSV.

Feyenoord kampioen??
Dat sil dochs net? Dit krije as je it opsykje yn Google(klik hjir).

Harsens derby!!(15)
Dit sil de SDS-keepers fertrouen jaan foar sneon(klik hjir).