Evenementen in december 2022

Wepperkes -moandei-
29 mei 2006
Wepperkes -tongersdei-
31 mei 2006

Win in WK-kaart!!

Wy hawwe 3 kaarten krigen foar de wedstryd tusken Nederlân en Servië op it WK yn Dútslân!!!
Om ’t Aant gjin ynteresse hat en Tom en Pieter noch te lyts binne, hâlde Richt en Willem dus ien kaart oer. Om mear minsken te ynteresseren foar de SDS WK League wolle sy dat kaartsje wol “skinke” oan degene dy ’t him as 25e oanmeld by de WK League. Degene moat it kaartsje dan wol gewoan betelje, mar foar de rest is alles regele(Richt rydt!).
Hooplik kinne jim hjir moarn al lêze wa ’t it kaartsje wûn hat, wat de kosten binne, wêr ’t se presys sitte yn ’t stadion, hoe let se fuort geane en alles mear.
Klik hjir om it dielnimmersformulier fan de SDS WK League del te heljen.
Wy binne benijd!

Gjin tribune
De lêste EK en WK’s stie der altiten in tribune by Ype Tiemersma yn de tún. Heechstwierskynlik giet dit feest dit jier net troch. Kafé Bergsma en de Jimbar spylje hjir lokkich genôch hândich op yn en goaie de doaren iepen mei it WK.

Ôfskied!
Snein hawwe de Trefferredaksjeleden ôfskied nommen fan Durk Okkema as lid fan dizze redaksje. Hy hat 3 jier yn de redaksje sitten en joech oan in soad wille hân te hawwen. Hy jout it stokje no oer oan Silvia Hania. Sy komt yn oktober de Trefferredaksje fersterken.

Net yn Easterein
Nijland en Be Quick Dokkum meie sneon útmeitsje wa ’t folgende seizoen yn de 2e-Klasse spylje mei. Dizze wedstryd wurdt sneon spile op it fjild fan de Leeuwarder Zwaluwen. Wy nimme oan om 14.30. It sil Ate Feike de Boer syn lêste wedstryd wurde yn it sjurt fan Nijlân 1. Soe der dan folgend seizoen dochs……

Spiler fan it jier
Wa is der spiler fan it jier wurden by SDS 1? Marcel Frankena hâldt him wiislik stil en sil it kommende freed bekend meitsje tidens it útsje mei SDS 1.

Hole in One!
Freed sille de spilers fan de A-seleksje der dus op út. Sy sille nei Ljouwert om te golfen. Wa makket der in Hole in One op de Griene Stjer?

Binne der wol skildpadden by Ljouwert?

Mopke
Mocht der op de training fan it Nederlâns alvetal ien te let komme dan kin Marco van Basten dit mopke ferwachtsje.
Een meisje had op haar ene been Zidane getatoeëerd en haar andere die van Beckham. Ze zei tegen een Fransman dat als hij wist wie dat waren hij met haar naar bed mocht. “Die linker is Zidane, maar die ander ken ik niet”, zei de man. Hierop vroeg ze een Engelsman hetzelfde. “Die rechter is Beckham, maar die ander zegt me niets,” antwoordde de Engelsman. Toen liet het meisje haar benen zien aan een Nederlander. “Die linker ken ik niet,” zei hij,”en die rechter ook niet, maar die middelste is Patrick Kluivert.”
(mei tank oan Ronald Giphart)