Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
27 augustus 2007
Wepperkes -tongersdei-
29 augustus 2007

SDS 1 en 2 út de beker
SDS 1 is net troch yn de beker. Sy ferlearen juster mei 2-0 fan LSC (sjoch it hjir).
Ek SDS 2 leit derút. Sy spilen yn Workum mei 2-2 gelyk.

SDS 3 en 35+ ek ûnderút
SDS 3 hat justerjûn mei 3-2 ferlern fan Mulier 2. De goals fan SDS waarden makke troch Paul de Boer en Wichard Deinum.
SDS 35+ ferlear juster mei 2-1 yn Harns fan Zeerobben.

SDS C1 al troch
SDS C1 is it earste team fan SDS wat al troch is yn de beker. Sy wûnen juster oertsjûgend mei 6-1 en hawwe no alle 3 wedstriden wûn.

Futsal
SDS 1 spilet jûn syn earste wedstryd fan it seizoen. Om 20.00 sil yn sporthal De Greidhoeke ôftrape wurde foar de bekerwedstryd tsjin De Griffioen.

SDS 2
SDS 2 traint tongersdei wer om 20.30. Trainer Hylke Schrale wol graach eltsenien om 20.20 op it fjild sjen. Der wêze dus.

Yn Sweden
Mark Postma sille jim de kommende tiid net gau tsjinkomme. Hy is hjoed oankommen yn Sweden foar syn staasje foar in heal jier.

Mark hat earst mar efkes in Sweeds terraske opsocht….

Foarbeskouwing
SDS 1 spilet sneon syn earste kompetysjewedstryd út tsjin Zeerobben. Sjoch foar in útgebreide foarbeskouwing hjir.

Oefenje
SDS 2 is de earste sneon fan it seizoen lyk frij en wol graach efkes oefenje. Mocht der in klup wêze dy ’t hjir belangstelling foar hat om op sneon 1 septimber te oefenjen dan kin dy kontakt opnimme mei Hylke Schrale(klik hjir).

Dúdlik
It is ús no dúdlik wêrom dat Eddy de Boer hast noait mear fuotballet. Hy is benaud pakt te wurden by de dopingcontrole…..(klik
hjir).

Nije SDS League
Noch 2 dagen en dan slút de transfermerke. Noch 2 dagen dus en dan kinne je je wer ynskriuwe foar de SDS League. Wy wachtsje noch efkes want wy ferwachtsje noch inkele grutte transfers:
Samaras(Manchester City) nei PSV,
Tim Cornelisse(UTR) nei FC Twente,
El Ahmadi(TWE) nei Ajax
Pranjic(HEE) nei Feyenoord,
Kluivert(PSV) nei Ajax…….
Emanuelson(AJA) nei Arsenal,
ensfh.

SDS-Winkel
De SDS-winkel hat ynmiddels al hiel wat SDS-artikelen te keap stean. Sjoch
hjir om te sjen as der ek wat foar jo tusken stiet.

Maile
It slagget Willem Overal mar net om ús te mailen. Hjir spesjaal foar him ús adres:
info@vv-sds.nl.