Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
26 augustus 2007
Wepperkes -woansdei-
29 augustus 2007

Ferstoarn

Op 73 jierrige leeftyd is ferstoarn Minne Zijlstra fan Húns. Hij wie in tige troue supporter fan SDS. Tegearre mei Oebele de Boer reizge hij SDS 1 efternei. Sels yn it jier dat SDS yn de  1ste klasse fuotballe, tuften sij nei Grins en Drinte.Bij thúswedstriden siet Zijlstra altyd fuort bij de yngong.
It lêste jier rûn de sûnens fan Zijlstra hurd efterút. Wij kondoleare syn frou, bern, bernsbern en fierdere famylje mei dit ferlies.

Clarence Sluier-klassemint
It wie dan wol gjin kompetysje en gjin beker, mar it wie wol in SDS wedstryd: Easterein-Wommels levere wer trije Clarence Sluier trofee dielnimmers op.
Wij presinteare jim al fêst de earste twa:

Dirk Yde Sjaarda

Erik Haitsma

Poll
Wommels ferlear freed úteinlik nei penaltys fan Easterein. Hjir hienen net in soad minsken op rekkene. Klik
hjir foar de útslach fan ús poll.

Bekerje
SDS 1 moat jûn foar de beker nei Snits om tsjin LSC te fuotbaljen. De wedstryd begjint om 20.00(en dus net om 18.30).

Nije SDS League
Noch 3 dagen en dan slút de transfermerke. Noch 3 dagen dus en dan kinne je je wer ynskriuwe foar de SDS League. Wy wachtsje noch efkes want wy ferwachtsje noch inkele grutte transfers:
Alves(HEE) nei Middlesborough
Koevermans(AZ) nei PSV
Koné(PSV) nei Sevilla
Engelaar(TWE) nei Ajax
El Hamdaoui(WII) nei Feyenoord
ensfh.

Nije “kantine”
It sjit al moai op mei de nije “kantine”. Sa ’t it no stiet sil it gebou op 20 oktober offisjeel iepene wurde.

Websides
By tiden is it dreech om websides fan oare ferienings te finen. Mei dizze webside wurdt dat aardich makliker:


Liend??
Der binne freedtejûn mear west dy`t efkes in fyts “liend” ha. Martin Overal woe neat misse en wie dus snel op syn fyts nei it fjild ôfsetten. Spitich genôch fûn ien dat hy wol wer werom rinne koe. No hindert dat neat, mar it soe wol moai weze at dejinne dy`t de fyts “liend” hat, em wer werom set by de Skoalleseize!
Groeten, Martin en Elisabeth