Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
29 november 2005
Seleksjes -sneon-
2 december 2005

Futsal: SDS 1 ferliest krekt
SDS 1 hat juster mei 5-4 ferlern fan Exstador 1. SDS 1 joech de, dizze kompetysje noch net fersleine, Harnsers goed tsjinstân. Jammer genôch levere dit wer krekt gjin punten op. By SDS dy Dirk-Yde Sjaarda mei yn plak fan de blessearde Peter Sybesma.
Dit wie it skoreferrin:
0-1 Elmar Bijma
1-1 Dirk-Yde(nei in knappe aksje)
1-2 Michel van der Ploeg (stiif yn ’t linker krús)
1-3 Michel van der Ploeg (stiif yn ’t rjochte r krús)
2-3 Dirk-Yde(ien minút foar rêst op oanjaan fan Anne)
3-3 Willem(nei in echte “Jay-Jay Okocha” koe hy no eindliks ek es mei syn rjochter skoen fan de nije skuon skore)
3-4 Folkert van der Weij
4-4 Robert(nei in passke fan Feite)
4-5 Folkert van der Weij(4 minuten foar tiid)
Yn de lêste minút kaam de bal twa kear op de latte en de peal by Exstador en pakte de keeper de bal op of efter de doelline. Skiedsrjochter Kraak en grins Age Tigchelaar woenen jammer genôch net fan in goal witte en it bleaun 4-5.

Jos Zonderland is jierdei!
Hjoed is Jos Zonderland fan SDS 2 jierdei! Fan herte lokwinske! Dat sil wol út iten wurde by de Mc Donalds!

Hy hat it witten!
Tsjeard Halbersma(SDS 1) hat witten dat der tiisdei jierdei wie. Dizze advertinsje stie woansdei yn de Wijd en Zijd.

Tsjeard is hjir mei de jongste spiler oait yn SDS 1!

George Best 1946-2005
*I think I’ve found you a genius.
The telegram sent to Manchester United by talent scout Bob Bishop, who discovered a 15-year-old Best playing for Cregagh Boys’ Club.
*I once said Gazza’s IQ was less than his shirt number and he asked me: “What’s an IQ?”
Best on Paul Gascoigne.

Tink derom Enne!
Dit barde der foarige wike yn België. Lit it in les wêze foar de SDS-speaker Enne Jehannes Bruinsma.
De derby tussen Cercle Brugge en Club Brugge van afgelopen weekeinde krijgt een staartje voor stadionspeaker Eric Van Maldeghem. Hem hangt een boete van minimaal 250 en maximaal 5000 euro boven het hoofd. ‘0-1 Door Bosko Balaban na overduidelijk handspel’, voorzag de speaker het enige doelpunt van de wedstrijd van commentaar. Hoewel Van Maldeghem gelijk had en Balaban naast hands ook nog eens in buitenspelpositie stond, viel zijn tekst niet in goede aarde bij de Brugse politie die rapport opmaakte. De speaker wordt ‘opruiende taal’ verweten.


Letter mear!