Wepperkes -tongersdei-

Pc-Wepperkes
3 augustus 2005
Hanzedruk co-sponsor SDS 1!
5 augustus 2005

Nij trainingsfjild
De A- seleksje fan SDS is los. Op it nije trainingsfjild efter de sporthal liket it noch wat keal sûnder stekken der om hinne, mar fierders leit it der prachtich bij. Seker de muoite wurdich om efkes te sjen en it is seker in goeie saak om bij de offisjele iepening bij te wenjen, sadat de minsken dy’t hjir de enersjy ynstutsen hawwe it gefoel krije dat se it foar ús dien hawwe.

Nij gesicht
Bij de A-seleksje traint sûnt dizze wike in nije lid mei. It is
Remco van Dijk út Ljouwert. Hij fuotballe de lêste jierren yn de seal by Avanti. Hij is mei syn 35 jier gelyk de feteraan fan de seleksje.

Ofwêzigen
It wie fieders wol in hiele jonge seleksje  dy’t oan it trainen wiene. Robert, Gert Jan en Floris (de âldtsjes) wiene der net en ek Feite moast dizze training oan him foarbij gean litte.

Meniskus
De ôfwêzichheid fan Harm Stremler op de training hat te meistjen mei in blessure. It liket der op dat Harm lêst hat fan de meniskus en foarloapich útskeakele is.

In soan
Floris Hiemstra wie wol bij de training oanwêzich. Hy stie dêr te pronkjen mei it nijs dat hij foar de tredde kear heit wurden is en Hieke foar de tredde kear mem. Soan Jildert is berne op 3 augustus 2005, de dei dat de minste PC út de skiednis fan 152 jier ferkeatst is. Wy sille dat dus nea ferjitte.
Fan herte lokwinske.

Nij talint
Op it nije trainingsfjild wie ek in hiel jong baaske oan it trainen. Earst die hy in
warming up en dêrnei socht hy al gau de ballen op.  Syn suske folge de ferrjochtingen en joech oanwizingen.  Nei fraach learde ús dat dit tige entoesjaste trainingsbeest krekt in broerke krigen hie en hjir mei syn heit wie. De leafde  foar it trainen hat hy dus net fan syn heit.

Drok oan de kant
It wie dizze wike drok oan de kant bij it trainen fan de A-seleksje. De opkommen belangstellenden seagen in blauwe ploech ferliezen en sy mochten efkes wat grûnoefeningen dwaan.

Kaam der in gelûd út de tillefoanpûde, dan naam lieder Anne Brouwer op. Meastal wie hij te let, mar hy koe wol geniete fan al dy frontsjes.

Sneon oefenje
Wy riede jim oan om regelmjittich yn de agenda te sjen foar nijs. Sa spilet SDS 1 sneon in oefenwedstryd tsjin Blauw Wit. Om 6 oere yn Easterein