Pc-Wepperkes

Nije SDS-sokken.
2 augustus 2005
Wepperkes -tongersdei-
4 augustus 2005

PC : twa kear neat
Wa’t net nei de PC west hat (Fred Scheltema bygelyks, dy moat er neat fan hawwe) hat grut gelyk hân. It wie twa kear neat. Sûnder emoasje, sûnder besieling, mar mei in in protte bûtenslaggen slaggen de 48 keatsers der foar dat der in protte ûntefreden besikers wiene. Piter de Groot skreau hjoed yn de Ljouwerter Krante dat it keatsen oan fernijing ta is. Ik tink dat it foar it haadklasse keatsen al te let. De kommende wiken sil der gjin minsk mear hinne gean, útsein wannear der in feest tinte yn de buert stiet.

Jacob Klaas
Ek dizze jonge Wommelsers, en SDS-er,  heart bij de 48 keatsers dy’t ús fermeitsje moasten. Ek hy slagge dêr net yn. Yn de earste omloop keatste syn partoer hiel matich en ferlearen dan ek terjochte. Wij hiene syn debút oars foarsteld.

Hantekening
Wol hiel tafallich seagen wij in jonkje fan in jier as 10 op it Sjûkelân nei Jacob Klaas tastappen mei in stikje papier. “mei ik wol in hantekening fan jo”, wie syn fraach.
Grutsk seach Jacob Klaas efkes nei syn freondinne, nei Tsjipke Klaas en nei Erik dy’t bij him rûnen en sette gelyk syn kriebel op it papier. Syn dei wie dus dochs noch bêst geôch.