De nije elftalfoto!

Wepperkes -tongersdei-
30 juni 2005
Frije trapen oefenje!
3 juli 2005

Wy hawwe fan ‘e wike ferskeidene mailtsjes krigen op ús fraach wêr ’t de nije elftalfoto nommen wurde moat. Hjir komme se:

*Wichard Deinum
Hallo Willem en Aant,
Ik zou de foto voor de kroeg van Anne Brouwer laten nemen,want nu ik zelf niet meer actief ben voor SDS-1 vindt ik het net een kroegen-team + een beetje reclame voor Anne na zoveel jaren trouwe dienst is ook niet verkeerd.
Groeten Wichard

*Hendrik Engbrenghof
De foto mut mar foar de paprika’s en sipels yne Jumbo naam wurre.

Groetnis, Hendrik Engbrenghof

*Minne Bonnema
B. Yn ‘e goal mei it tsjerke op de eftergrûn.
Groeten, Minne Bonnema.

*Hinke Kuiper
Foar de kantine? Nee, no noch net, takom jier as de nije der stiet
Yn’e goal mei de tsjerke op de eftergrûn? Mei, mar winne se dan ek it hiele seizoen?
Tusken Wommels en Easterein? Dêr by dy drekpoaten op it fytspaad?
Op it B-fjild mei as eftergrûn de mûne (allebeide)? Waait dat se troch it seizoen?
Op it nije trainingsfjild? Noch nea west, moatte earst werris in rûnlieding ha.
In oar gaadlik plakje (sels yn te follen): No fansels by it fleantúch yn Boalswert, by de haadsponsor AMERICAN BASE
Is dit wat?????
Groetnis Hinke

*Mark Postma
Hoi,
Ik fien dat we de alvetalfoto foar it gebou/straaljager fan us sponsor,
American Base, meitsje mutte.
Groeten Mark

*Sipke Hiemstra
Ik fyn dat de foto boppe op de kantine nommen wurde moat. It is dochs een hichtepunt dat der straks 1e klas spile wurd?
mfg Sipke

*Sjouke Walinga(webmaster vv ONT)
F. ……………..(sels yn te fullen)
Ik kies voor F en dan voor een plaats waar je als achtergrond alleen maar een weidse blik over de weilanden hebt, Zo maak je de tegenstanders al bang met je elftalfoto. Die gaan zich afvragen waar ze in hemelsnaam terecht komen. Wij kennen dat nog uit onze 1e klas tijd. Opeinde? Waar ligt dat dan? En ons sportparkje leverde meestal ook wat afkeurende blikken op van de grotere clubs die we ontvingen. Je zult het nog mee gaan maken.
Groeten,
Sjouke

*Sibe de Seefûgel
Beste Willem,
SDS1 op de foto. Dat sil wol wer in hiel oheden wurde.
Dat kin net by de kantine, want dy sjocht er noch minder út as it Dophok en it Hintsje.
It kin net yn Wommels it kin net yn Easterein. It moat op Skrok. Lit sjen dat dizze ploech út de greidhoeke komt. Mei in prachtige wetter op de eftergrûn.
It soe ek yn in boat kinne under it motto: wy gean de boat net yn.
Of by in brêge under it motto: gjin brêge is ús te heech.
Sibe de Seefugel

*Feike Jorritsma
De foto soe nommen wurde kinne op it neie trainingsfjild mei de iepening op 26 augustus
Feike Jorritsma

Hjir de útslach yn it koart:
-Op it Skrok 2
-Foar de straaljager fan American Base 2
-Foar de Jimbar 1
-Yn ‘e Jumbo 1
-Op it nije trainingsfjild 1
-B. Yn ‘e goal mei it tsjerke op de eftergrûn. 1
-Boppe op ‘e kantine 1

Op it Skrok en foar de straaljager hawwe dus de measte stimmen krigen. Om ’t de kommersje yn dizze tiid al te faak de oerhân hat roppe wy it Skrok as winner út.
Wat de supporters fan SDS betreft moat de foto dus op it Skrok nommen wurde. Sa sil der ûngefear wurde: