SDS League: Sibe’s Sjokkers pakke kopposysje wer.

Wepperkes -tongersdei-
6 april 2005
Seleksjes SDS 1,2,3,4 en 5 foar sneon.
8 april 2005

Sibe hat him it wykein wer aardich oplade kinnen foar de rest fan it seizoen en pakt lyk wer in wykpriis. Hjirmei nimt hy de kop ek lyk wer oer fan Iced Earth United(RJ) út Dordrecht dy ‘t dochs al 2 wiken fan de kopposysje genietsje mocht omdat der foarich wykein net fuotballe waard.

GOD(Dennis B.) fan DYS sakket fan 5 nei 9 dizze wike yn de SDS League. Hy pakte mar 13 punten. Wy hoopje net foar him dat hy troch dizze minne wike op it ein fan de race bûten de prizen falt. It prizenjild kin hy wol brûke foar in breiden broekje………..


FC Kapitein (HP) docht dizze wike goeie saken en giet fan 31 nei 23. Noch efkes op penaltys oefenje en dizze ploech stoarmet de top 10 binnen.

Fan AC Nijlân(AFdB) sille wy net folle lêst mear hawwe dit seizoen. Hy sakket dan ek fan 25 nei 22. Coach AFdB lit witte hielendal foar in periodetitel te gean mei syn oare hobby vv Nijlân.
 
AFdB mei syn grutste hobbys, dochter Janneke en pizza’s.

FC ’s Keeseningen fan CA makket in nuver seizoen troch. Hy stiet mar op it 65e plakje mar grypt dizze wike mar krekt nêst de wykpriis. Hy kaam 2 punten te koart.

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de nije stân: wike 6.