Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
26 januari 2005
SDS nei spannende spulregelwedstriid útskeakele
28 januari 2005

Jeugdspulregelwedstriid
Jûn om 19.30 oere wurdt der in jeugdspulregelwedstriid hâlden yn de kantine fan SDS. Tegeare mei 2 teams van YVC en in team fan De Walde sil útmakke wurde wa as de winner wurdt fan regio Snits. De winner giet nei de provinciale finale. Eltsenien is fansels fan herte wolkom.
Foar SDS dogge de folgende jonges mei: 
Geert Dijkstra
Thierry de Vreeze
Bote Strikwerda
Sjoerd Rispens.
Sy binne al wiken mei Klaas de Haan yn training. It sil ús benije.

Beker SDS 2 – QVC 2
As it waar goed bliuwt dan wurdt der moarn om 14.00 oere in bekerwedstriid spile tusken SDS 2 en QVC 2. It fjild liket oan ’t hjoed ta aardich knap dus de kâns is grut dat it gewoan trochgiet. Kom dus allegear!

Fan H.E. út S.
Hy ride fan ‘e wike mei de auto troch Grins doe ’t hy der efter kaam dat hy in dearinnende dyk yn ried. Hy seach om him hinne en koe ek gjin plak betinke wêr hy oars hinne koe dan rjochtút. Doe ’t hy minsken rinnen seach draaide hy it rútsje iepen en frege; “kan ik hier ook ergens zwaaien?” 

Nije shirts
It 2e sealteam fan SDS is it earste team fan SDS wat spilet yn it nije SDS-tenue. Hjir de foto.

Kreas!

Wintersport 2005
Fansels binne der ek dizze winter wer in soad SDS’ers op wintersport west. Oan de foto’s te besjen hawwe syn hun best fermakke.

Klik hjir foar de rest fan hun foto’s.

Wat?
Op dit momint stiet Cambuur mei 3-0 foar……Soe it dan dochs in kear goed komme yn Ljouwert???