Wepperkes -tongersdei-

Midwintercup: SDS 1 en RES 2 troch.
5 januari 2005
Biljerte foar Asië
6 januari 2005

Futsal: SDS 3 ferliest ûndanks knappe ynfaller
Juster moast SDS 3 alwer los foar de kompetysje. Sy moasten yn Sint-Nyk tsjin Renado. Yn Snits blike it allinne noch winterstop te wêzen neffens Jacob, Pieter en Johan. Sy kamen dan ek net opdagen. Hjirtroch hie SDS ien te min. Lokkich wie der in Sint-Nykster (fan in oar team fan Renado) die wol efkes mei dwaan woe by SDS. Dizze Peter die goed syn bêst. SDS kaam mei 2-0 foar troch goals fan Peter (ja ja) en Ferry. Dit wie allinne net genôch. SDS ferlear mei 9-2. Marco Reynhoudt stie by SDS op ‘e goal. Dit foldie him net sa best. As dit no wie om ’t hy 9 tsjin hie of dat der gewoan lêst fan syn bealch hie, is ús net dúdlik….

Wa gean der mear nei Frentsjer?
Nêst SDS 1 en RES 2 binne der al mear ploegen dy ’t hun pleatst hawwe foar de finales fan de Midwintercup. By ús binne oan ’t no ta bekind; Friesland 1, Blauw-Wit ’34 2, FVC 1, Avanti 1, SC Franeker 2, De Herauten, Workum 1, Oosterlittens 1, WPB 1, ONS 1, FFS 1, Workum 2, DIO Oosterwolde 1, Haskerland 1 en fansels SDS 1 en RES 2. Wa wit welke ploegen der noch mear troch binne? Mail it nei
info@vv-sds.nl.

Wol in trimloop!

Hjir noch efkes foar degenen dy ’t hun noch net opjûn hawwe:
Sneon is der in  oanpaste  trimloop foar wa ’t  wol  en kin. Alle spilers fan  2e  3e  4e  en 5e alvetal binne wolkom. De start is om 13.00 oere by de kantine fan ’e  Skoalleseize. Der kinne ferskillende rûntsjes draaft wurde(Pôle-Skrok-Ald-dyk en sa).

Nei ôfrin is der nei in waarme douche snert en sûkelade molke foar eltsenien.Wa ’t dan nei de nijjierssit wol, is fuort te plak. Om it trochgean te litten moat der minimaal 20 dielnimmers weze.
Opjaan moat foar tongersdei 6jan by Klaas Okkema till  332221.

Jou dit berrjocht dan ek safolle mogelijk troch. Meielkoar it nije jier sportyf  begjinne liket my wol aardich ta.

O, ja dy t net mear fuotballet [bestjoer frijwilligers, opropwrotters en sa]  kinne harren ek opjaan.


Oan’t sneon  Klaas.

Poule G
SDS 1 spilet folgende wike sneon yn Frentsjer foar de Midwintercup yn Poule G. Sy fuotballe fan 11.30 oere oan’t 13.45 oere. SDS sit yn elts gefal by ONS 1 en Blauw-Wit ’34 2(sealteam) yn. Hjir komme noch 2 ploegen by(Golden Oldies? en Heerenveense Boys?). Út dizze poule fan 5 gean de earste 2 oer nei de lêste 16. Dizze finales wurde fanôf 17.45 oere spile.

Programma winterstop
It waar wurdt wer wat better, dus heech tiid om wer nei bûten ta te fuotbaljen. Sneon mei SDS 1 wer los yn Drachten yn in oefenwedstriid tsjin Drachster Boys. Klik
hjir foar it hiele oefenprogramma fan SDS 1. Lukt it delheljen(downloade) net dan moatte jimme dit programma (Acrobat Reader 6.0) earst efkes delhelje.

Marcel Frankena
Der binne net in soad SDS ‘ers dy ’t de nije trainer fan SDS, Marcel Frankena, kinne(útsein Anne Brouwer fansels). De measten binne dan ek wol benijd hoe as hy der útsjocht. Wy binne op syk west op ynternet nei in foto fan him. Der wie mar ien te finen fan Marcel Frankena en dat wie op www.sportfisker.nl. No net in webside wêr wy lyk sykje soenen. Dit is him:

Hy hat dus net alinne ferstân fan fuotbaljen.
Hawwe jimme in foto fan Marcel Frankena of in reaksje op dizze foto mail it ús op
info@vv-sds.nl.

SDS’ers yn aksje foar Asië
Gerlof Veldstra(“Obed”) fan SDS 3 en Bote Strikwerda(“Tontsje Töfting”) fan SDS A1 sille ek hun stjintsje bydrage oan giro 555. Jûn ferkeapje sy foar de kamera’s fan SBS 6 hun exclusieve polo-shirt fan Sabetocht.nl. Lês der alles oer op www.sabetocht.nl. It lêste nijs is dat “Tontsje” op it lêst dochs noch ôfheaket.

Net thús útprobearje!
Hjir in filmke fan ús razende reporter út Spannum, Ozzy. Je moatte dochs wat as je net mear fuotbalje. Tink der wol om; “Net thús útprobearje!”(Klik
hjir)