Wepperkes -tongersdei-

SDS League: Pieter Kamstra rint wer út!
25 november 2004
Seleksjes SDS 2,3,4 en 5.
26 november 2004

Rêstich
Grutte kâns dat it jûn rêstich is yn de kantine. De Fean fans fan SDS dogge der jûn alles oan om de Dútsers te ferslaan, de spilers fan it twadde squashje, de spilers dan it earste sille wol yn Jimbar sitte en de rest bliuwt oer om te trainen.

Treffer
Nije wike komt de Trefferredaskje wer byelkoar om in begjin te meitsjen mei de Treffer fan desimber. Hawwe jim noch wat dan sjogge wy it mei wille temjitte. Fan Rinse Joustra krigen wy in ferslach fan SDS 5. Hy freget ús at wy it op it Frysk neisjen wolle, want neffens syn eigen wurden : oansjoen ik fryske dislectie ha :). (It foel ta Rinse, it diploma frysk foar net friezen soest neffens ús mei gemak helje)

Tútsje
At je net op de foto steane te túten dat dooch je net. Op
www.tutsje.nl is it razend drok. Moarntejûn tusken 6 en 7 oere komme de hearen Tsjeard, Jaring en GertJan foar de tillefysje by Factor Freed om 18.20 oere(en alle werhellings dêrnei). Wy binne benijd at se werom komme mei in tútfoto fan Eelke Lok en Dieuwke Kroese(of Germ Stenekes en Simone Scheffer?).

Futsal 3
SDS 3 hat justerjûn fuotballe tsjin Langwar 1. Wa mailt ús de einstân en de doelpuntenmakkers.
info@vv-sds.nl

F5
Fan de jeugdkommisje krigen wy it folgende berjocht:
Voor F5 hebben wij op dit moment al 5 nieuwe spelers.
F5 is al opgegeven voor de voorjaarscompetitie welke de laatste zaterdag van
februari weer begint voor de pupillen.
Aangezien de velden vol zijn, speelt de F5 gelijktijdig met het eerste 
elftal van SDS.
Dat liket ús leuk ta. In pupil by it earste pupil fan de wike en in senior fan SDS 1 senior fan de wike by de pupillen.