SDS League: Pieter Kamstra rint wer út!

Wepperkes -woansdei-
24 november 2004
Wepperkes -tongersdei-
25 november 2004

Pieter Kamstra nimt as nûmer 1 aardich ôfstân fan nûmer 2 Hey Ho Let’s Go(WW). Hy rint 14 punten út. Moaie bykomstichheid is dat hy ek de wykpriis pakt. Jammer foar Pieter is dat hy him al dele moat. De oare helte is foar The Butchers fan LB dy ’t ek 41 punten pakte.

De Voortzetting(SKO) grypt dizze wike krekt nêst de wykpriis. Hy komt 1 punt tekoart. Wol giet hy wer aardich omheech yn it klassemint. Hy giet fan 16 nei 6.

Durk Okkema hat de gang nei boppe wer te pakken en stiet wer yn ‘e top 10. Dizze kear giet hy fan 18 nei 9.

“Loser” fan ‘e wike is dizze wike Anne Stenekes. Hy hat it te drok mei hûzen ferkeapje dat hy gjin tiid hat foar syn team. Hy pakte mar 9 punten fan ‘e wike. As hy krekt safolle hûzen ferkocht hat dan sil hy dat net slim fine.

OKB(SS) bliuwt stiif ûnderoan en dat sil ek wol net mear feroarje. Feenstra Boys(SF) rint wer 12 punten op him út.

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de nije stân: 
https://vv-sds.nl/bestanden/SDSLeaguewike10.xls