Lowlands-wepperkes

Wepperkes- tongersdei-
19 augustus 2004
Fraach en antwurd-wepperkes
21 augustus 2004

Gewoan berikber
Fansels binne wy dit wykein gewoan berikber. Wy hawwe de apparatuur meinommen nei Lowlands en jimme kinne ús dus gewoan maile foar nijtsjes al sitte wy dit wykein dêr yn ‘e polder yn in tintsje. Ek de minsken op Lowlands binne tige benijd hoe as SDS 1 it docht yn hun 1e bekerwedstriid en as SDS 2 wat goed út de foarbereiding kommen is. Hawwe jimme dus nijs mail it dan nei
Lowlands.


Alles is ynstalleare. It is noch net hiel drok. Dat sil wol troch it kloatewaar komme.

Dirk syn poat
Dirk de Jong rint foarop by de trainingen fan SDS 1 mar is dochs noch net hielendal fit. Kommende tiisdei wurdt hy yn Snits opereare oan syn knibbel. Neffens de fysio moat hy dêrnei nei 6 wiken klear wêze om wer te fuotbaljen. Wy hoopje it fan herte en winske Dirk alfêst betterskip.

Wichard hie dochs gelyk
“Jij hebt gelijk met twee keer winst en 1 gelijkspel, alleen vindt ik dat de winst op Balk uit dubbel telt want op het nieuwe sportcomplex van hun hadden we nog nooit gewonnen laat staan gelijk gespeeld dus is deze eerste winstpartij een dubbelteller, zeker voor mij op mijn oude dag”.
Groeten Wicky

De nije Treffer
Troch ferskillende omstânnichheden komt de Treffer dochs iets letter út. As it goed is komt hy moandei by de drukker wei en dêrnei leit hy fansels sa gau mooglik by jimme yn ‘e bus.