Wepperkes -tongersdei-

SDS League: Dream Theater pakt wykpriis!
31 oktober 2007
Wepperkes -freed-
1 november 2007

Futsal: SDS 1 wint lúzich
Justerjûn foel it kwartsje dan eindliks in kear de goeie kant op. Tsjin Avanti 2 waard yn de lêste minút mei 2-1 wûn.
Avanti 2 wie de hiele wedstryd wat better al levere dat net folle kansen op. SDS koe sa no en dan gefaarlik kounterje. Yn de twadde helte wie it Tseard Halbersma dy ’t foar SDS skoorde út in rebound nei in frije traap fan Feite. Doe ’t efkes hjirnei Avanti mei in man minder moast nei in giele kaart like Avanti ryp foar de slacht. Dit pakte allinnich wat oars út. Mei in man minder skoorde Avanti sels de 1-1. Yn de lêste pear minuten wie it Avanti dy ’t oanfoel, mar net in gatsje fine koe. Út in kounter koe SDS dit wol fine en makke Peter krekt foar tiid de 2-1.
Sjoch
hjir foar de oare útslagen. 

SDS A1 letter thús
Kommende sneon moat SDS A1 tsjin Makkum. De wedstryd stie om 12.45 op it programma. Dat is no feroare: SDS A 1 spilet om 14.30 oere thús. Dan binne se jûns wol wat letter thús.

SDS 4 earder thús
Troch it boppesteande spilet SDS 4 dus earder thús tsjin Mulier: om 12.45. Dan binne se jûns ek earder thús tinke wij.

Op nei Balk!
Wy ferwachtsje sneon in bult SDS’ers yn Balk. Sawol SDS 1 en 2 moatte út nei Balk. SDS 2 om 12.00 en SDS 1 om 14.30. Sawol SDS 1 as 2 kin wol wer ris in oerwinning brûke.

Hobby derby
Anne Brouwer liket in nije hobby fûn te hawwen. Nei jierren leider west te wêzen fan SDS 1 siket hy it no yn it flagjen. Dochs hâldt hy blykber tiid oer, want hy is de opfolger fan Tsjipke-Klaas en Dirk-Yde as trainer fan it Frouljusteam op woansdeitejûn.

“Grutte SDS-klupaksje”?
De leiders fan SDS 1(René), SDS 2(Jan) en SDS 5(Stoffel) sette dizze wike harren eigen “grutte SDS-klupaksje” op. De spilers fan SDS 1,2 en 5 dy ’t it jild fan de lotten fan
de Grote clubactie dizze wike net oan harren leiders betellet kin sneon in basisplak wol ferjitte. Bring it jild dus snel!

Steune!
De SDS-famkes kinne wol wat steun brûke. Kommende sneon spylje sy yn Easterlittens om 13.30 tsjin de plaatselijke favoryt.


Gevonden voorwerpen
Der bliuwt de lêste tiid noch wolris wat lizzen op en rûn de sportfjilden yn Easterein:
Op zaterdag 20 oktober is tijdens/na het Meinte Sixma-toernooi op het sportveld een (auto?)sleutel gevonden. Op de sleutelhanger staat het VW-embleem en de tekst “BlueMotion”. Wie mist deze sleutel?
Groetnis,
Fedde
(ûnderwilens hat de ferliezer him melden. Lourens van der Pol wol wer graach fytse. Hij hellet him bij Fedde wei.)


Letter miskien noch wol mear!