Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
1 november 2007
Seleksjes 3 novimber
1 november 2007

Seleksjes
De seleksjes foar moarn stean ek op de side.

Stek
Komende week wordt er een nieuw stek om het hoofdveld geplaatst a.s. zaterdag zullen de reclameborden dus moeten worden verwijderd. Het bestuur rekent op begrip van haar sponsors.
Wil iemand zaterdag helpen neem dan contact op met Enne 0515-332013

SDS 1 – Balk 1
Moarn spilet SDS 1 út tsjin Balk 1. SDS 1 kin wol wer ris in oerwinning brûke. De statistiken binne net yn it foardiel fan SDS. Yn it seizoen ’97-’98 waard foar it lêst yn Balk wûn. Doe waard it 0-2. De lêste 3 kear waard der yn Balk ferlern mei 4-0, 1-0 en 5-3.

Pvan P
Wa kin him net. Pieter Lieuwe van der Valk.
Bekind fan de trekker, it heuken en fan de poedelpriis yn de league.
Dêrneist is it in echte winner, in fûlfretter en in toskenbiter.
Nim no de lêste twa dagen.
Woansdeitejûn nei Thialf. Foar it earst dit jier. Net it oantal rûntsjes binne wichtich, nee de fraach hoe lang kin ik de snelle mannen bijhâlde foardat myn skonken begjinne te trillen.
Nei ôfrin fansels lêst fan de ljisk.
Tongersdei oan it wurk. De ladewein spuitsje, efkes it sicht kwyt, rûchel de rûchel. Pie ter skood mei beide skonken bij in hurde râne lâns  en flinke wonden binne it gefolch.
Tongersdei te jûn dochs mar efkes traine want âld moat wer ferslein wurde.
Op karakter giet er der foar. Twa kear kopt hij rekke en bout mei syn jonge ploech in flinke foarsprong op. Hast tiid. Alles of neat. It winnende doelpunt. En jim begripe it al dan is der fansels mar ien dy’t dy noch meitsje kin. Pvan P. Geweldich foar âld. Want hij wie yn eigen doel.
Yn de kantine freget er noch efkes in pleister, want syn hân is ek noch iepen. Hjoed is er wer gewoan oan it wurk. Prachtige fint dy PvP. 

Krekt te let
Twa 058tigers sitte op futsal. Woansdeitejûn yn Easterein balje en doe mei de lêste bus nei hûs. Dy giet om 22.54 út Wommels. Dy gie woansdei om 22.53 út Wommels.  En yn dy minút siet krekt it ferskil.
Anne Stenekes soe de mannen ôfsette bij de Terp mar moast no efter de bus oanride en yn helje fansels. Krekt foar it Spannumer tunneltsje slagge dat. En doe koene Tsjeard en Skelte bekomme fan “ dit aventoer “.

Brutil Hosé
In de kantine hadden we het over tweede teams in de KNVB-beker. Heerenveen heeft na de gunstige loting weer alle kans om een ronde verder te komen. Met Willem, Harm en Robert had ik(Tsjalling) het over jong Ajax. We kwamen op een speler met veel talent!Volgens de kenners een speler met een grote toekomst in het vooruitzicht. Ons vraag luidde waar is Brutil Hosé gebleven? Ik wist dat hij momenteel bij een amateur team speelde maar welke?Ik heb het even op gezocht!(klik hjir). 
Hosé had nog al eens losse handjes in het veld. Onder trainer John de Wolf (het goede voorbeeld) is hij dit nog niet afgeleerd!


Super
Ids Boersma trainde justerjûn de âldsjes en de jonkjes fan SDS 4 en 5. Hy makke dêrby in goeie beurt. Hy liet de ljochten rûn it fjild barne sadat eltsenien nei in skoft yn de kantine sitten te hawwen op syn gemak syn tas fine koe.

Noch fan herte lokwinske!
Foarige wike fierde Mark Postma syn 24 jierdei yn Sweden. It hat grut feest west en Mark wie tige te sprekken oer de kadootsjes dy ’t hy krigen hat:

Twa moaie mutsen, twa bierkes en twa moaie sjurtsjes. Wat wolle je noch mear?

Plezier
By Ajax stiet it plezier foarop. By de jongste jeugd yn elts gefal(klik hjir). Sa moast it oeral wêze.

Letter hjoed mear