Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
5 april 2007
Seleksjes -sneon-
6 april 2007

Seleksjes
Sneon is der wer in folslein programma. Letter hjoed sjogge jim de seleksjes hjir.

Klaas nei Oeverzwaluwen
Wy krije krekt in tip fan Ruurd Boorsma. Op de webside fan Oeverzwaluwen is te lêzen dat Klaas Okkema(út Wommels????) dêr trainer wurdt(klik hjir) fan de A’s en it 2e.

Doelpunt(1)
Op ús oprop om oan te jaan wa’t it doelpunt fan SDS 1 tsjin Bûtenpost makke hat, kaam in reaksje binnen fan de man dy’t it witte moat….
Voor het vertrouwen van Tsjipke Klaas hebben we het in de bestuurskamer maar zo gelaten. Volgens mijn collega en mijzelf was het idd een eigen doelpunt van een speler van Buitenpost.
Om het nog ingewikkelder te maken vind ik eigenlijk dat het doelpunt op naam moet komen van Henk Postma, hij was het immers die de corner er fantastisch indraaide en er waarschijnlijk zonder contact van derden ook in was gegaan!!!!
Was getekend, 
een oogetuige

Doelpunt(2)

Dan moat ik it toch mar tajaan.. Ik ha tiisdei skoord! Groeten Jaap Toering.

400e wedstryd!
Floris Hiemstra spilet al 17 jier yn SDS 1. Juster yn de kantine waard útrekkene hoefolle wedstriden hy dan al net yn SDS 1 fuotballe hat. Dit binne der hiel wat. No hat Floris fansels al wat wedstriden mist troch in pear lytse skorsinkjes, mar hy hat nea lang blesseard west. Al mei al kaam der út de telling dat Floris moarn syn 400e wedstryd spilet yn SDS 1!!! Dit is in blomke wurdich!
 
Floris hat se fertsjinne!

Stopje
Anne Brouwer hat oanjûn nei dit seizoen te stopjen as lieder fan SDS 1. Anne hat yn de rin fan de jieren al hiel wat trainers en spilers foarby kommen sjoen. Hy hat sa ’n 14 jier leider west.

Anne kriget mear tiid foar syn sangkarriêre.


Futsal 2
SDS 2 is noch net kampioen fan’e 1e klasse A. SC Genemuiden hat ferline wike mei 10-2 wûn fan ZVVS út Staphorst. Troch dizze útslach bliuwt it gat tusken SDS en Genemuiden 3 punten. Op woansdei 18 april kin SDS in karwei ofmeitsje. Ien punt tsjin ZVH út Hasselt is dan genôch om it kampioensfeest yn gong te setten. (DYS)

Sertifikaat
Jim hawwe yn jim doarpskrantsje lêze kinne dat de Skoalleseize noch wol wat sinten noadich hat om it nije ferieningsgebou te finansieren. Sy wolle dit dwaan mei de ferkeap fan sertifikaten. Sjoch hjir hoe ’t jim sa ’n sertifikaat keapje kinne(klik hjir).

Nije ferieningsgebou
As de bou fan it nije ferieningsgebou net tefolle te meitsjen kriget mei tsjinslagen dan sil it yn oktober 2007 klear wêze. Oan ’t no ta giet it knap, want sy lizze in wike foar op skema.

Warskôging
It peaskewykein komt er oan. Dan giet it meast oer aaien. Tink er wol om dat sommigen aaien net opite mar……
sjoch hjir
 
It is net samar in spultsje…
Sicco Scheltema docht mei oan Footballmanager mei syn twadde leafde ONS. Hij presteart dêr goed as koach. Mar wat wol je ek mei sa’n assistent: Fritz Korbach.

Spitich
It is tige spitich foar al dy trouwe Feyenoord-supporters, mar Willem van Hanegem komt net nei Feyenoord! Hy is lilk!(klik hjir).

1 april!!
Tom tocht snein in leuk grapke mei heit syn auto út te heljen(klik hjir).

Nijs?
Mail it nei
ús!