Wepperkes -tongersdei-

SDS League: Bruin Boys(SB) pakt de wykpriis!
15 november 2006
Seleksjes 18 novimber
17 november 2006

Fuotbalkenniskwis
Nije wike tongersdei is de earste foarronde yn de fuotbalkenniskwis. En dat is net samar in earste ronde: Wichard, Willem en Lolke sille de striid oangean. Trije kânshawwers foar de titel, mar dy’t it no yn de earste ronde tsjin elkoar opnimme moatte.
Wij binne benijd wa’t jim tippe en wêrom.
Stjoer in mail nei
dit adres en foarsis de winner.
En fansels: allegear komme nije wike tongersdei om 21.30 oere.

Sels in hazze….
Mei Stoffel giet it net goed. Hij hat it oergriislik yn de rêch. Gelokkich is de rêchpine net útstrield nei de mûle, sadat hij noch moaie ferhalen fertelle kin oer syn leafde foar fûgels en hazzen. Dat joech Ype T oanlieding om de folgende opmerking te meitsjen:
“Hâld op jong, op dit momint leit sels in hazze dij om”
Stoffel lake wol, mar net as fan âlds, want dat kin de âld rêch net ferneare.

Puskas ferstoarn
De grutste Hongaarske fuotballer ea, Puskas is ferstoarn. Der sille de kommende dagen wol hiel wat doelpunten fan him te sjen wêze. Hjir al fêst
in begjin.

Frijwilligers ynstruksje jûn
De frijwilligers fan de Skoalleseize wurde sa no en dan bijskoold. Op 27 novimber is der wer sa’n jûn. Keimpe Meijer is de ynstrukteur

Futsal 1 ferliest
De oprop oan de supporters om stipe te jaan oan de futsalploech fan SDS 1 hie sukses. Der wiene mei wat fantasij twa tribunes fol. It resultaat fan SDS 1 wie noch net goed. Mei 1-4 waard er ferlern fan Extator en dat wie flatteard. Dirk Yde Sjaarda skoorde it ienige doelpunt en foar de rest rekke SDS yn de lêste 15 minuten peal en latte en peal. It lok wie net oan SDS side en de Harnsers wisten goed om te gean mei de kânskes dy’t se krigen. SDS stiet no stiif ûnderoan.

Futsal: SDS 3 ferliest, mar ……..
Spiele yn Akkrum
Utslach 8-5 ferlern
Hiele goede frikandellen.
Goals:    Pieter 3
             Ids 1
             Jacob 1
gr. Hendrik

Giet it no wol of net troch?
De sealfuotballers fan SDS 1 en ZVVS 1 moatte moandei yn Staphorst fuotbalje. Der wie in kâns dat de wedstryd net trochgean soe. It kin ek wêze dat de oanfangstiid fan de wedstryd feroaret. Wy heare it fêst noch fan Willem Overal.

Oefenje?
Folgende wike sneon is SDS 1 frij. Dêrom oefenje sy miskien folgende wike freedtejûn tsjin Trynwâldster Boys 1.

Fuort
Âld-SDS-trainer Kees Jansen nimt nei dit seizoen ôfskie fan Blauw-Wit’34. Wat hy dan dwaan giet is ús net bekend.

Wat soe Kees no dwaan gean?

Appleknockers Flophouse
De Knickerbockers binne lêsten harren kantine (it saneamde “
Appleknockers Flophouse“) kwytrekke mei in brân. Sy binne no jild oan ’t ynsammeljen om de kantine wer op ‘e nij te bouen. Om ’t Knickerbockers 3 by SDS 2 yn de kompetysje sit hat SDS 2 ek €15,- skonken. Op dizze webside kinne jim sjen as de studinten hast genôch jild hawwe om de bar te timmerjen(klik hjir).

Harsens derby(22)!
Dat wurdt sykjen(klik
hjir).