SDS League: Bruin Boys(SB) pakt de wykpriis!

Wepperkes -woansdei-
15 november 2006
Wepperkes -tongersdei-
16 november 2006

Dizze wike is it net de Sterke Ploech fan Sjoerd Postma dy ’t de wykpriis pakt(sa’t wy earder melden), mar Bruin Boys fan Simon Bruinsma út Lollum. Hy hat krekt ien puntsje mear as Sjoerd Postma en dy hat wer ien punt mear as Robert Hoekstra. Yn teory sieten The Bundy Squad fan Sjoerd van Beem en Jeroen(Brouwer) der ek tichtby mei 3 punten minder.

Tom, Pieter & The Heartbreakers steane noch altiten boppe-oan. The Bundy Squad folget op 7 punten en Pieter Kamstra op 14 punten. De Vinnige Frikandel(GvA) docht it foar syn dwaan ek net gek mei in 4e plak.

De koach fan Anouk United(Johan Delfsma) docht it by de LC-League wat better as yn de SDS League. Dizze wike pakt hy mar 4 punten.

It giet net goed mei Theo Krat. Theo Krat en co fan Jaap Toering stiet 80e en Theo Krat fan Johan Postma stiet sels ûnderoan. Miskien wurdt it wer ris tiid dat Theo Krat útnoege wurdt troch Marco van Basten.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 8.