Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -tiisdei-
6 juni 2006
Wepperkes -freed-
7 juni 2006

SDS WK League
Jim hawwe noch oan ’t freed 12 oere om de SDS WK League yn te leverjen. Klik
hjir om jo foarspelling te dwaan en goai se gau noch by Aant troch de doar. Yn de Jimbar lizze eventueel ek noch dielnimmers-formulieren.

Webside sponsorje
Wy binne op syk nei sponsors foar de webside. Wa ’t dêrfoar belangstelling hat kin kontakt opnimme mei Anne Stenekes fan de sponsorkommisje. Klik
hjir om him te mailen foar mear ynformaasje.

Nij fjild
No ’t alle fjilden by SDS op ‘e nei ynsiedde binne kin der nergens op fuotballe wurde troch de jeugd fan Easterein. De Skoalleseize hat no spesjaal foar de jeugd it gêrsfjild nêst de tennisbanen meant sadat sy dêr fuotbalje kinne. Sy hawwe dêr ek wat goaltsjes delsetten.

Kompetysje-yndielingen
Foarich seizoen waarden de kompetysje-yndielingen bekend op 10 juny. As it dit jier ûngefear wer sa giet dan ferwachtsje wy nei it wykein al wat yndielingen bekend te meitsjen te kinnen.

Idols
Mocht der in nije edysje fan Idols komme dan witte wy in SDS’er dy ’t dêr hege eagen goaie sil. Sjoch
hjir mar ris.

“‘k Heb er geen kracht meer vóór”!
Ôfrûne moandei keatsten SDS’ers Kees Adema, Erik en Jacob Klaas Haitsma op de senioarenbond yn Frentsjer. Nei de winst op de junioarenbond de sneons wie de put der aardich út. Dizze prachtige foto fan de Dophokside jout in goed byld oer hoe ’t Jacob Klaas him fielde. Of om mei Gerard Joling te sprekken……………………
“‘k Heb er geen kracht meer vóór”!


Letter miskien mear!