Wepperkes -tiisdei-

SDS 1 te golfen
5 juni 2006
Wepperkes -tongersdei-
7 juni 2006

SDS WK League
Wy hawwe no sa ’n 35 oanmeldingen binnen foar de SDS WK League. Dit binne noch lang net genôch. Klik
hjir om jo foarspelling te dwaan en goai se gau by ús troch de doar. Yn de Jimbar lizze eventueel ek dielnimmers-formulieren.

Hat hy it helle?
As it goed is hat Treffer-redaksjelid Gerard van Asselt juster de âlvestêdentocht fytst. Wy hawwe him allinne mist by de finish. Syn maat Watze kaam al binnen mar Gerard wie nergens te bekennen. Gerard wie it lêst sinjaleare sa ’n 20 kilometer foar Boalsert. Hjir waard hy oantreaun troch oaren. Wy binne benijd as hy Boalsert noch helle hat.

Midsimmercup
Sneon is de Midsimmercup yn Dronryp. Oan dit 5 tsjin 5 toernoai wurdt ek wer meidien troch de futsallers fan SDS 1. Der sille allinne al wat spilers misse want miskien moat der ek keatst wurde en der is ien mei fakansje. Hooplik kinne wy freed de definityfe seleksje foar sneon bekend meitsje.

Troostpriis
De sitplakken by Nederlân-Servië(sjoch
hjir) foldienen Mark Postma net. Om him temjitte te kommen mei hy kommend seizoen nei in wedstryd fan SC Heerenveen op kosten fan de webmasters en dit is gjin grapke……..

Ballen keare
Moandei wie de bûnspartij foar keatsers. Us spesjale oandacht gie út nei Wommels, Easterein, Itens, Winsum, en Mantgum want dêr sieten SDS-ers bij. Dochs seagen wij dizze kear ek efkes nei Weidum. En mei namme nei de foarynse. Net hoe fier hij útslaan koe, mar mear hoe goed hij keare kin. Want Jaap Toering komt takem jier nei SDS as doelman.