Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
6 november 2005
Wepperkes -tiisdei-
8 november 2005

SDS 5 ferliest yn Koudum
It wurdt hieltyd makliker foar de spilers fan SDS 5. Se hoege gjin ferslaggen te skriuwen at de tsjinstanner dat wol docht. It is fansels ek leuker in ferslach te skriuwen at je winne. Yn Koudum sit men yn de dug-out mei de helm op. Werom? Sjoch hjir mar.

Mobieltsje fûn?
Marcel Frankena hat sneontejûn om in oer as 7 syn mobieltsje ferlern. Wierskynlik op it parkeerterrein by de sportfjilden yn Easterein of op wei nei de kantine. It giet om in blau-grize Nokia. Wol degene dy ’t him fûn hat hjir hinne maile?

SDS 3 swier ûnderút
SDS 3 ferlear sneon mei 7-1 fan Makkum. In komplete off-day foar de SDS ‘ers. Klik hjir om it ferslach fan Wichard te lêzen.

A’s winne beide
Sawol SDS A1 as A2 wûnen sneon knap. Jim kinne der alles oer lêze en besjen as jim hjir klikke. Der binne û.o. prachtige foto’s te besjen fan de A1 yn Sint Anne, it ferslach fan trainer Marco Hoekstra stiet derby en it ferslach fan Ids de Boer fan de wedstriid fan A2 tsjin JV Bolsward is te lêzen.

SDS-sjaal ferlern?
Wa hat sneon syn SDS-sjaal ferlern? De sjaal bleaun sneon lizzen yn de kantine. Wa ’t him mist kin him ophelje by de famylje De Jong op Streek 10 yn Easterein. Je kin dêr earst ek efkes hinne maile troch hjir te klikken.

Lekker strak!
Rene Velzen is yn ferbân mei syn wurk stoppe mei fuotbal. Syn SDS-sokken hawwe in nije bestemming krigen. Wikje, syn frou en fersoarchster fan A2, brûkt se foar opfulling yn ‘e learzen. “Dan sitte se sa lekker strak om ‘e foet, dat stiet folle moaier”, seit Wikje.

Spiler fan ’t jier
By SDS 1 stiet Skelte Anema op dit momint boppe-oan yn it Spiler fan it jierklassemint. Klik hjir om de hiele list te besjen.

Noch fan herte!
De webside fan SDS waard noch troch ferskeidene minsken lokwinske mei de 3e jierdei. Tige tank derfoar.

*Tige lokwinske mei de tredde jierdei.
Ik hear net by de 300 leden fan SDS (tink ik), mar ik sjoch alle dagen (soms wol faker) op jim side.
Ik kin (wol) it net graach wer misse, alle fuotbal (en oare) nijs út de omkriten.
Gean sa troch.
Gr. Immie
*Fan herte lokwinske mei dyn jierdei en noch folle jierren mei nijs derby. Groeten, Marco Hoekstra.
*geweldich, proficiat, gean sa troch
Feike Jorritsma.

*Alwer trije jier yn ‘e loft. Lokwinske. Hast eltse dei genietsje ik wer fan jimme side. Bliuw sa troch gean, dan hinget aanst hiel Fryslân oan jimme side. Súkses fierders.
Hinke.


Fan herte lokwinske!
Peter Sybesma fiert hjoed syn 33e jierdei. Fan herte lokwinske! Klik hjir om him ek lok te winskjen.
 Ja dat is Peter!


Letter mear!