Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
29 oktober 2005
Wepperkes -tiisdei-
31 oktober 2005

Fraachje
Dizze kear in maklik fraachje foar ús lêzers. Skiedsrjochter Sjoerd Postma hie hâlden en kearen sneon mei de feteranen fan de Sweltsjes en dy SDS. Op in bepaald momint wie it nedich om in kaart te lûken. Fraach is: hokker kleur kaart krige in Ljouwerter te sjen? Maile kin nei
ús

Beide yn aksje
Ids de Boer hie ús fan te foaren frege om in aksje foto te meitsjen fan him yn syn wedstryd mei SDS 4. De lins fan it tastel stie dizze middei ôfstimd op feteranen. Dat betsjut in ûntslutingstiid fan sawat 15 sekonden. Ids as jonge hûn paste net yn dat programma. Dêrom mar in aksje foto fan Ids yn in 35 + tempo mei syn heit Jelle yn aksje as flagger.

Wynserdyk yn aksje
Sneon betsie it sintrum fan SDS 4 út twa Wynserdyksters: Klaas Visser en Pyt Kempe. Hjir kuierje se tegearre nei foaren.


Clarence-sluierklassemint
Twa missers hawwe wij dit jier hân. Pytrik Hiemstra en Nico Hettinga fan A2. Fan Nico hiene wij noch gjin foto, mar hij wie sneon sa sportyf om him efkes foar de kamera foar te stellen.
Bij senioren kinne jim it resultaat sjen yn it komplete Clarence Sluier klassemint

Wintertiid
Snein skreaunen wij: De famylje de Boer lûkt him neat oan fan wintertiid. Der binne ek oaren. Dy hawwe it lêzen dat it wer sa fier is en ûndernimme aksje. Sa as de famylje H. út it steegje bij de Wynserdyk: yn stee dat se de klok efterút sette, setten se him foarút. Frou G.H rôp dan sneintemoarn ek ûngeduldich nei man G.H.: “kom derút, it is al 9 oere”, (de preek begjint hast) wylst it noch mar 7 oere wie. Kin leuk wurde at de klok aansens  yn maart wer foarút moat.