Wepperkes -tiisdei-

SDS C3 Kampioen 1982-1983!
19 september 2005
Wepperkes -woansdei-
21 september 2005

Op de foto
At je net in sticker op de brievenbus hawwe fan nee/nee dan hat it grutte kâns dat je in folder krigen hawwe fan ús haadsponsor American Base. Der wurdt wer fan alles oanbean en der stiet sels in bekind model bij. Jehannes Abma fan SDS A1 lit sjen hoe’t in winterjack fan Kjelvik him stiet. Ek stiet hij te pronkjen yn in Flight Jack fan € 49.95.
En wij moatte tajaan: it stiet him wol.

Us eigen sjomodel
Snein lieten wij de foto’s sjen fan it nije jaske fan SDS1. Fansels binne jim benijd wa’t dêr mei it boarst foarút stie. Dan kin nimmen oars wêze as Floris.

Stil
It is de lêste tiid rûnom Sibe de Seefûgel. Dat komt omdat hij in grutte hekel hat oan keatsen. Om it risiko fan in ferdwaalde bal tsjin de hûd oan te krijen, te mijen,  bliuwt hij simmers fier bij de Skoalleseize wei. Der gie lykwols ek in geruggie……..Sibe soe wat oan it hantsje hawwe. Miskien sizze se bij seefûgels wol dat se wat oan it poatsje hawwe.
Wij binne der yn slagge om Sibe mei syn leafde efkes op de foto te setten. Oan jim de fraach om oan te jaan wa’t it froutsje is. Foute antwurden kinne maild wurde nei
info@vv-sds.nl .

Foar it goeie antwurd kinne jim op de foto klikke.

Hawwe jim noch wat, maile kin fansels altiten