Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
12 september 2005
Wepperkes -woansdei-
13 september 2005

Ferslach SDS 3
De fêste skriuwer fan SDS 3 hat ek fan ôfrûne sneon in ferslach makke. Jim kin
hjir lêze werom sij ferlearen fan Blauw Wit 3

Net yn Staphorst
Ferline wike wiene wij der wol wis fan dat dat de fêste supporter Oebele de Boer ek ôfreizgje soe nei Staphorst. Helaas gie dat net troch. Syn frou Froukje krige ferline wike in oandwaaning oan it hert en moast opnommen wurde yn it sikenhûs. Underwilens is hja fan de bewaking ôf. Wij winskje frou de Boer betterskip ta.

SDS C1 hat spile
Moandeitejûn moast C1 oantrede tsjin Frjentsjer C1. De útslach hjirfan wie 0-11. Klaas Pompstra hat
it ferslach al klear.

Grote club actie
Ek SDS docht dit jier wer mei oan de Grote Club Actie. De senioren krije allegear wer in oantal lotten om te ferkeapjen. Foar de klup SDS binne dit wichtige ynkomsten.

In moaie foto!



Je kinne op ferskillende wizen in alvetal foto meitsje. Strak yn de rige, de hannen allegear gelyk De lieders kinne dêr in hiele grutte rol yn spylje.
Der is ek in oare wize. It gewoan gewurde litte, elkenien sels bepale litte hoe’t se stean wolle of sitte. Dan krije je dizze prachtige foto fan SDS E2

Skoute yn China
It is ús no wol dúdlik hoe’t de twa Sjineeske fuotballers bij SDS kommen binne. Lieder Anne Brouwer hat ynsjoen dat er net in fuotballer út de buert nei SDS ta wol,
útsein in inkele Ljouwerter, en ûndanks dat se earste klasse spylje. “Wy moatte se fier wei helje”, sa tocht hij.
Hy wist gelyk hoe’t er dit oanpakke moast. Hy stjoerde syn reislustige barkeeper Wybren Jorritsma mei freondinne Namkje Koudenburg dizze simmer mei de Peking Ekspres nei China en frege harren om kontakten te lizzen foar SDS. 
Wybren en Namkje ha wol wat fan it lân sjoen mar sij hawwe foaral socht nei in skout dy’t foar SDS yn it spier woe. De earste resultaten hawwe wij sneon sjoen.
De jonge is dêr no dúdlik herkenber oan syn wite teasjurt en syn swarte jier (de SDS kleuren)

en syn sjineesk SDS logo


 Nijs kinne jim fansels altyd maile nei info@vv-sds.nl