Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
11 september 2005
Wepperkes -tiisdei-
12 september 2005

Klomprock
Sneontejûn spile der ien SDS’er op Klomprock. Wy sjogge him net safolle mear op it fuotbalfjild, mar hy hat it dan ek aardich drok mei syn band The Secret.

Gerrit Hingst wie moeilijk te herkennen.
(Sjoch foar mear foto’s fan Klomprock op
www.jaring-fotografie.nl)

Minder moai wepperke
Dat de mannen fan SDS 1 baalden nei it ferlies tsjin Staphorst, wie noch yn de weromreis te merken. Robert, Feite en Floris hawwe in botsing hân krekt by it foutbalfjild fan Staphorst wei. Lokkich gjin lichaamlike, mar helaas wol financiele skea…

Ferkeard nûmer
It tillefoannûmer fan Paul de Boer, yn it bewarnûmer fan de Treffer, as trainer fan E4 kloppet net. By de A-junioaren stiet syn goeie nûmer.

Nij redaksjelid
Sûnt koart hawwe wy in nij lid yn de Trefferredaksje. It giet om Gearard van Asselt. Om him dochs wat te ûnderskieden fan de rest fan de redaksje is hy efkes by de kapper west.

Stiet kreas!

2 -2 lykspul by SDS A1 – Gorredyk A1
Nei de winst tsjin Makkum en it lykspul tsjin it tredde (we hiene einliks winne moatten) kamen wy de earste competitie wedstriid mei it noadige selsfertrouen it
fjild op. Yn de earste 20 minuten hiene we knappe kansen, Paul hie de earste treffer op´e skuon.
Doe´t de earste stoarm oer wie, kaam Gorredyk better yn harren spul. Troch harren fysieke kracht en it hanteren fan ‘e lange bal rekken wy der wat ôf. We gongen yn dit foar ús ûngebrûklike spul mei. We ferlearen hast alle duels en grossierden yn foute passes. Yn it ein fan de earste helte krigen wy it deksel op´e neus. 0-1 yn de 50ste minuut! Nei in lyts kwartier yn´e twadde helte makke Feiko lyk nei prachtich foarbereidend wurk fan Paul. In oanfal út it boekje. Troch in frije trap (sylde yn´e krúsing) kaam Gorredyk wêr op foarsprong. 10 minuten foar tiid makke Feiko fanôf 11 meter de lykmakker. Al mei al in terjochte útslach, al hie der mear ynsitten. Troch it scoreferrin moatte jo dan noch bliid wêze mei in punt.
Klaas en Marco

Net lapje
Nei de wedstriid sieten de A-junioaren sneon ûnder it genot fan in bierke efkes gesellich meiinoar om de tafel.
Van Putten woe net lapje en dronk in friske. Op zich natuerlik niks mis mei mar dit wiene wy net went fan in Kûbaarder mei “afterparty” ervaring. Doe ferskeidene spilers van Putten fregen om in reaksje sei van Putten: ´Ik moet nog spelen`. We seagen elkoar wat fremd oan want it wie hast 18.30 oere en van Putten hie al 90 minuten yn´e fuotten. Wat die bliken: Van Putten moast nog spylje foar de ´gang` efter de COMPUTER!


Ferslach Staphorst 1 – SDS 1
Dit ferslach fûnen wy op www.voetbalopzaterdag.com:
Staphorst – SDS 1-0 (1-0)
SDS had geleerd van de grote nederlaag vorig week tegen HZVV. Staphorst scoorde wel snel maar hierna stokte het aanvalsgeweld. Geen goed positiespel en vele persoonlijke fouten waren hier debet aan. Na rust wachte SDS op die ene counter, die kwam er ook maar werd niet benut.
Doelpunten: 7. Niklas Hof 1-0.

Noch in ferslach fan Staphorst 1 – SDS 1
Op www.topamateurvoetbal.nl stiet ek eltse wike in ferslach. Klik hjir foar it ferslach fan ôfrûne sneon.

Ferslach SDS A2
JVB-SDS 1-0
A2 begjint it seizoen mei domme pech. Yn de warming up al kryt Gert-Jan al in bal op’e snappet en it wie allegearre bloed. Nei in kertier sykjen om minsken die hjir wat oan dwaan koenen, is Gert- Jan wer oplappe en hy stûn as tyger te keepen. De wedstryd wie 5 min oan de gong en Niels waard delhelle(yn de 16), neat oan de hân seit skiedsrjochter Sjoerd Landstra, nee dat kloppet mar wol oan’t ankel, in dik ankel en Niels koe net fierder balje, (en gjin pingel).
Neffens de kenners is JVB kampioenskandidaat nr. 1 dus we wienen wol wat benaud, toch koenen we dus op 0-1 komme at…. Nee dus. Mar oan de oare kant hobbele hy der samar yn út in allemachtige slappe foarset. Domme pech. De konklúzje yn de rêst wie dat we net minder wienen en best in reutaat pakke kinne. Helaas dit slagge net, en we gongen stridend ten onder.


Letter mear!