Weppers moandei 13-4-2026
13 april 2026SDS-jeugd nei de ‘kidsrun’ by sc Heerenveen
15 april 2026‘FC Lollum’ fan Thys Bruinsma is net te stopjen. Al foar de tredde kear dizze edysje pakt hy de wykpriis. No hat hy 61 punten en hjir mei 6 punten mear as ‘Brekken Boys’ fan Okke van der kamp en 7 mear as Gerwin Sijesma’s ‘Mighty Mike’ en ‘FC Toros’ fan Tim Sweering.

Gerwins ‘Mighty Mike’ pakt dan wol krekt gjin wykpriis, mar hy bliuwt wol koprinner. ‘FC Lollum’ stiet ynmiddels twadde mei in efterstân fan mar leafst 28 punten.
Germ Stenekes’ ‘BB’ docht goeie saken. Nei earder al in wykpriis pakt te hawwen giet hy no nei plak 10 en is hy fan doel om mei te dwaan om de boppeste plakken.

Mar leafst 2 Hoekstra’s steane yn de top 10. Marcs ‘Hoekstra City'(5e) stiet noch altiten 17 punten foar op syn heit Robert mei ‘Hoekie Boys 74′(9e).
‘Wy meitsje der it bêSTE FAN!’ fan Jacqueline Hallema-Buma is noch altiten reade lantearndrager. Ate-Feike de Boers ‘DJ Dieter’ is no har grutste konkurrint yn de striid om de poedelparaplu. It ferskil is al 90 punten.


