Wepperkes -tiisdei-

Dirk-Yde wint Keninginnerit!
15 augustus 2005
Wepperkes -woansdei-
17 augustus 2005

Sawol SDS 1 as 2 ûnderút yn Ljouwert
SDS 1 ferlear fannejûn syn oefenwedstriid yn Ljouwert mei 3-2 fan VV Leeuwarden. De doelpunten waarden makke troch Jacob- en Tsjipke-Klaas.
SDS 2 ferlear yn Ljouwert mei 5-2 fan VV Leeuwarden. De doelpunten by SDS 2 waarden makke troch Pieter c.q. Bote en Anne(penalty).

Opmerklik yn Ljouwert
*Gert-Jan Hiemstra wie al yn Ljouwert mar stie net op it fjild. Hy wie by de fysiotherapeut. Anne Harm Nauta probearet Gert-Jan fan syn knibbelblessure ôf te helpen.
* Wichard Deinum makke syn debút by SDS 2. Hy stie lêste man.
* Arjen Posthumus makke syn debút by SDS 1. Yn de earste helte spile hy by SDS 2, mar de 2e helte mocht hy by it flaggeskip ynfalle.

Drok yn ûnderhandeling
SDS 3 is drok yn ûnderhandeling mei Workum 3 foar in datum foar harren oefenwedstriid. Sy binne der noch net hielendal út. As wy witte wannear dizze wedstriid plakfynt dan kinne jim it hjir fêst lêze.

A’s-traine
Der binne dit jier twa A-teams. Sy traine op dit stuit lykwols meielkoar. Marco Hoekstra nimt de jongerein goed ûnder hannen en se lykje dat hielendal net slim te finen. Woansdeitejûn sille se oefenje tsjin LSC. Yn Easterein om in oere as 7. Efkes sjen dus.


Hjir stride Jelmer en Pytrik om de bal

“Nij” lid
SDS hat der wer in nij lid by. Juster hat Albert-Jan Joustra him oanmelden by SDS. Hy is 21 jier en komt dus yn oanmerking foar de senioaren. Albert-Jan hat yn it ferline ek altiten yn de jeugd fan SDS fuotballe.

Wedstrydsponsoren
Earder dizze wike koene jim sjen dat er al hiel wat boerd en sjurtsponers binne. Bij de rubryk “sponsors” kinne jim no ek al sjen welke bedriuwen de thúswedstriden fan SDS sponserje. Foar alle wedstriden binne der twa sponsoren. Fansels sille wij dêr letter efkes oandacht oanjaan.

Talpa
Mei in protte genoegen hawwe wij dit wykein sjoen nei de sport útstjoering fan Talpa. Oars moasten wij altiten foar 7 oere it iten op ha, de ôfwask oan de kant, de bern op bêd en de tillefoan derút.
Dat is no ferline tiid. Yn it earste reklameblok ite wy wat, yn it twadde reklameblok meane wij de tún efkes, bringe de bern op bêd en drinke in bierke sa’t dat yn it earste reklameblok oanbean waard en yn it tredde reklameblokje sette wy efkes wat wepperkes op de side, wy sjogge de mailtsjes efkes troch, litte de hûn út en sette wat nútsjes klear dy’t yn it twadde reklameblokje oanbean waarden. At de analisten it wurd hawwe geane wy nei it húske, pleagje de frou wat en lêze in goed boek. Oardeloere goed besteed dus.

Tips foar woansdei
It is woansdei moai waar. Dat jout fansels tal fan mooglikheden:
– je kinne nei je wurk gean en in protte wetter drinke
– je kinne nei Jellum ta om tidens de revâns Freulepartij Wommels keatsen te sjen tsjin ………Easterein ( dat kin dus in echte  revâns wurde)
– je kinne jûns efkes nei Easterein, wêr’t de A’s oefenje tsjin LSC
– je kinne jûns ek besykje de goeie stjoerder te finen, wêr’t Nederlân tsjin Dútslân foar te sjen is.

Tsjin de Dútsers wolle wy noch wol wat sizze:

Foto’s Cauberg
Op de webside fan it Dophok steane no de 1e foto’s fan it fytsen rûn de Cauberg. Klik hjir om se te besjen.
Photograph
It wie smoardrok mei fotografen.