Dirk-Yde wint Keninginnerit!

SDS 2 wint earste oefenwedstriid.
15 augustus 2005
Wepperkes -tiisdei-
16 augustus 2005

Dirk-Yde Sjaarda hat sneon de Keninginnerit wûn op de Cauberg en behâlde hjirmei syn gele trui. Dirk Yde “Basso” bleaun Samme 1 minút 30 foar. It wie foaral spannend yn de striid om it 3e plak. Anne en Stefan gienen lykop en moasten yn de sprint bepale wa ’t de nûmer 3 waard. Dizze sprint wie foar beide de dea of de gladioalen. Stefan wûn dit mei in neuslengte foarsprong. Beide stienen hjirnei te spuien as in ielreager.

Jeroen, Marco, Abe-Jan en Pieter Sybesma makken der in toeristyske route fan trochdat sy in ôfslach misten. Sy kamen dan ek mear as 40 minuten letter as de winner binnen.

Durk Okkema is net finishe. Dit wie de bedoeling ek net. Hy woe mar ien ding en dat wie de top fan de Cauberg helje. Dit slagge prima.


De nûmers 2,1 en 3 en in beteuterde nûmer 4 op de eftergrûn.

Dit wie de offisjele útslach:

  1. Dirk-Yde Basso           47 min.
  2. Samme Dierckxsens    op  1,30 min.
  3. Stefan Vinokourov           2
  4. Anne Museeuw                2
  5. Peter Rooks                    4
  6. Feite Ullrich                    5
  7. Christiaan Di Luca           5,30
  8. Jan-Simon Leipheimer       5,30
  9. Dirk Rasmussen                6
  10. Dennis Virenque               6
  11. Watze Zülle                     7
  12. Jan Ducrot                      8,30
  13. Pieter (K.) Heras              8,30   
  14. Harm-Auke Pantani            9
  15. Robert Chiapucci               9
  16. Marten Abduchaparov       11
  17. Jeroen Cipollini                 41
  18. Marco Hushovd                41
  19. Abe-Jan Vandenbroucke    41
  20. Pieter (S.) Boogerd          42
  21. Durk Bontempi              net fininshe

Hjir laket eltsenien noch……….


Watze jout it tempo oan fan it dan noch hast foltallige peloton. Stefan is hjir al in ein foarút en tinkt dat der hast al wûn hat………


Peter hat it dreech wylst 2 supporters him oanmoedigje.


Watze sjocht al wat minder bliid as op de earste foto.


Robert wie al wat yn it foardiel yn de ôfdaling.


Harm-Auke eindige op it plak wêr ’t Cambuur dit jier ek wol ûngefear eindigje sil(14e).


Hooplik hat Durk syn fyts op ‘e tiid by it pealtsje weihelle. Of soe der al in wielklem krigen hawwe??
Marten sjocht neat en tinkt mar oan ien ding ………..fytse!!!!

Letter dizze wike kinne jim noch mear foto’s besjen op www.dophok.nl.

Der komt letter fan ‘e wike miskien ek noch in ferslach fan Metsje en Anke dy ’t de rit fan de sydkant besjoen hawwe.