Wepperkes -tiisdei-

Sponsorgroep boekt earste rissultaten.
19 juli 2005
Programma foarbereiding SDS 2.
20 juli 2005

Nije baan?
Yn de wepperkes fan ôfrûne freed hienen wy it oer de nije baan fan Harm Stremler fan SDS 1. Wichard Deinum wit ús te melden dat it hjir net gie oer ús Harm mar oer Harm syn neef dy ’t ek Harm hyt. Dizze Harm hat sels noch efkes by SDS yn it earste fuotballe sa ’n 17 jier werom.
Wichard tige tank foar dyn tip!

Fan herte lokwinske!
Trio Dirk Yde Sjaarda zegeviert in Itens
Dirk-Yde Sjaarda(ynfaller foar Jehannes Dykstra) en Jacob-Klaas Haitsma pakten sneon mei Gerrit Flissijn knap de 1e priis by de 1e-Klas-partij yn Itens. Klik hjir foar it ferslach.

Aant is werom!
Myn kollega-webmaster Aant is wer boppe wetter. It docht bliken dat hy snein sinjaleare is by de grins mei Dútslân tegeare mei syn frou Jelly. As it goed is hawwe sy juster alwer yn Fryslân oernachte en komme sy hjoed thús. Dat komt moai út want dan is Aant krekt op tiid foar syn jierdei. Hy wurdt woansdei namelijk 51 jier!

Voice-mail
It wedstriidprogramma foar SDS 1 is noch net bekend. Wy hawwe probeare om fia ús kontakt-persoan fan Oranje Nassau Groningen oan it programma te kommen. Wy koenen allinne net goed kontakt meitsje. Lústerje mar ris nei Evert syn voice-mail(klik
hjir).

Tegels te keap!
In soad SDS ‘ers hawwe earne op ‘e MAVO yn Wommels sitten. Sy hawwe fêst sjoen dat it skoalplein wêr ’t sy fan alles meimakke hawwe hielendal oer de kop gien is. Der sitte allegear nije stjintsjes yn. Foar guon hawwe de alde tegels fêst noch in emosjonele wearde, foaral de bongels under us. Dêrom wurde de tegels te keap oanbean foar € 0,10 sint it stik. Deijinne dy’t belangstelling hat foar de tegels kin wol kontakt opnimme mei Hans Kooistra as Inne Heerma.

Sa ’n tegel kin letter noch wol fermogens opbringe…..

Coach van het Jaar
Wat de SDS-League is foar SDS dat is Coach van het Jaar foar de Ljouwerter Krante. Sy geane no al fan start en as je hjir klikke dan kinne je je ek ynskriuwe. Wy binne benijd welke SDS ‘er it fierste komt.

Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!