Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
11 april 2005
SDS League: As in Speer(JdJ) pakt de wykpriis.
13 april 2005

Wêr kin SDS 1 douche?
No ’t yn Wommels de klaaiboksen net mear brûkt wurde kinne hawwe mei namme de jonges fan SDS 1 in probleem. It omklaaien kinne sy wol yn ‘e bâllecontainer dwaan, mar it douchen wurdt neat. Wy as webmasters wolle hjir wat oan dwaan. Wy wolle freegje as der minsken binne dy ’t 2x yn ‘e wike in spiler fan SDS 1 thús ûnder de brûs hawwe wolle. Jim kinne sels oanjaan welke spiler jim hawwe wolle en wy wolle fansels witte wêrom. Mail it ús sa gau mooglik!! Mail it nei info@vv-sds.nl!

In douche yn SDS-kleuren liket ús ideaal foar “Mister SDS” Wichard Deinum.

Is dat Klaas?
Klaas Okkema is trainer fan SDS 2. Sy moasten sneon fuotbalje yn Hoogeveen. Doe’t se werom kamen en hy yn de buert fan Wiuwert/Britwert ride om in oere as kertier foar fjouweren, doe wie hy alhiel ferbaasd dat hy in auto tsjin kaam mei Klaas Dijkstra oan it stjoer. “Dat kin dochs net”, tocht Klaas Okkema,” want it earste fuotballet dochs yn Harns en Klaas Dijkstra soe dochs op de bank sitte?.”
Letter krige hy it ferhaal te hearen dat Klaas Dijkstra net fit genôch wie om by de wedstryd te bliuwen en dat hy efkes omriden hie om by te kommen.

B1

Wy misten noch wat foto’s fan B1 fuotballers. Dêrom nei de training mar efkes wat kykjes makke. Andrew siet al op syn skooter en kin sa mei dwaan oan American footbal. Sjoch by junioren B1 foar nije foto’s fan Jelmer P., Bauke D en Andrew F. Fan B2 is Sietse Kooistra kykt.

Frouljusfuotbal
Dit mailtsje krigen wy hjoed:
Goeiedag,
ik frege my de leste tiid wol gau ris of werom er gjin damesteam is bij sds!! Dr is wol ien in littens ha k  my litte vertellen, mar der giet natuurlijk niks foar sds!!!
Groetnis n foutbal frou.
Wy nimme oan dat dit komt trochdat der net genôch animo foar is. Wy sille sjen wat wy hjiroan dwaan kinne. Dus binne der froulju dy ’t ek wol graach by SDS fuotbalje wolle, mail it efkes nei info@vv-sds.nl!

Ali B
Elkenien kin dizze bekinde rapper. It is muzyk fan neat mar je kinne der hiele goeie teksten mei kwyt. At it mar wat rymt. Oer Ali B. sels is ek fan
alles te sizzen.

Plysjeberjocht
Dat inkelde plysjes mear kinne dan allinne mar bonnen skriuwe docht wol bliken út it folgende ferslach. Piet “Baantjer” skreaun in ferslach fan de wedstriid fan SDS 4 tsjin NOK. It giet û.o. oer de hurde punten fan Pieter-Lieuwe, it fluitsjen fan Evert “Luinge” Tanja en it net lekker fallen fan de bal. Klik hjir om it hiele ferslach te lêzen.

Roedi yn Saoedi!
De webmaster fan Sabetocht.nl en spiler fan SDS 5, Rudi Dijkstra rint stage yn Saoedi Arabië. Wy hienen dan ek in foto fan him ferwachte mei in tulbân om of yn in burka. Jammer genôch hawwe wy allinne dizze fan him mei helm. Foar mear foto’s fan “Roedi yn Saoedi” kinne jimme sjen op www.sabetocht.nl.
Photograph
In burka soe dochs better stean…..

Is Hendrik sneon fit?
No ’t SDS kommende sneon wierskynlik 3 man misse moat troch skorsingen soe it net gek wêze as Hendrik de Jong sneon wer fuotbalje kin. Wy kinne melde dat Hendrik noch altiten lêst hat fan syn ankel(dizze blessure hat hy oprûn yn de wedstriid tsjin ONT) en dat hy fannejûn noch net trainde. Hendrik sil dizze wike 3x nei fysiotherapeut Anne Harm Nauta(www.topfysio.nl) om him behandelje te litten. Hendrik ferwachtet sels sneon wer fit te wêzen.

Rien
Ek by SDS binne in oantal fuotballerkes út Rien. Sa’t jim lêze koene yn de Ljouwerter Krante bestiet Rien dit jier 50 jier. Fansels hawwe sy ek in eigen webside. De skiednis fan in doarp fan 50 jier is fansels net sa grut. Dochs stiet er in nijsgjirrich ferhaal fan de famylje Boonstra (Eelke, Henk, Teun, Sjoerd en al dy oaren). Mei 20 bern wie dat in flinke húshâlding en harren ferhaal stiet op
www.rien50jaar.nl .

Moaie tekeningen
Juster melden wy dat inkelde spilers fan SDS hun sneontejûn tige fermakke hienen mei kleurjen en tekenjen. Wy kinne hjoed melde dat it rissultaat ferbluffend wie.

It portret wat sy makken fan Sjoerd “Fonzy” Rispens.

It “winnende” selsportret fan Gerlof Obed Veldstra.