Wepperkes -moandei-

It brûken fan de klaaiboksen yn Wommels!
10 april 2005
Wepperkes -tiisdei-
11 april 2005

Doelpunten
De senioren skoorden dit wykein 7 kear. Opfallende saken: Pieter Lieuwe van der Valk dy’t al wer skoorde en Willem Wijnia dy’t twa kear yn it tredde it net wist te finen. Sjoch foar de komplete list by senioren.

Ferantwurdelik
Yn it gastenboek fan WPB lêze wy dat SDS in oantal wiken ferantwurdelik steld wurdt foar in flinke neisit. Sjoch
hjir

SDS 1 wint yn Harns
SDS1 wûn sneon yn Harns. Wichard hie hjir graach in ferslach fan meitsje wollen, mar hie it drok mei oare saken. Derom hawwe wy in
ferslach makke. Foar it ferslach fan de Harnsers kinne jimme sjen op www.zeerobben.nl.  

Spannend
It is aardich spannend yn de 2e Klasse K. Der binne in soad ploegen dy ’t oanspraak meitsje op it kampioenskip. Ek mei de periodes kin it noch alle kanten út. Allinne ’t Fean ’58 is wis fan in periode. Al moatte sy der noch omtinke dat sy net safier sakje dat sy degradearje. Dat SDS 1, al stean sy boppe-oan, ek noch nergens wis fan is kinne jimme
hjir sjen.
(mei tank oan
www.voetbalnoord.nl)

Bas of Bas
By SDS 5 fuotbalje twa Bassies (en gjin Adriaan). Dat fan dy twa Bassies is lêstich. Want beide spylje foar en by it opnimmen fan de doelpunten moatte wy altiten efkes trochfreegje. De lêste tiid skoorde Bas de Haan meardere doelpunten en stie Bas van der Wey wat droech. Sneon wie it oarsom. De ploechgenoaten wiene hjir lykwols net sa wiis mei, want it wie in eigen doelpunt.

In nije trainer?
Ek yn Nijlân wolle sy meidwaan oan de nijste tendens en kontrakteare sy in nije trainer foar folgend seizoen. Lês der mear oer op www.versuiteigenoven.nl.

SDS C1 wint
By SDS C1 binne sy aardich trouw mei it skriuwen fan wedstriidferslagen. Klik
hjir foar it wedstriidferslach fan de wedstriid tsjin RES C1 fan ôfrûne sneon. It is skreaun troch Remco Piek.

Fan de Skoalleseize
SDS’ers
Graag zouden wij weer willen dat op zaterdag en door de week na afloop van de competitiewedstrijden en oefenduels de netten van de doelen weer worden omhooggebonden.
Dit was ook altijd de afspraak alleen verwaterd dit weer een beetje, het gevolg hiervan is dat de jeugd in hun vrije tijd gemakkelijker er gaat staan te voetballen en onze vrijwilligers tijdens de veldwerkzaamheden er overlast van ondervinden. Verder hebben de doelgebieden door het oneigenlijke gebruik hierdoor extra te leiden wat niemand zijn of haar bedoeling kan zijn.
Willen mensen in hun vrije tijd even een balletje trappen dan kan dit altijd op het trainingsveld voor de boxen.

Met vriendelijke groet,
Bestuur Skoalleseize

Sjurtsje út
Gert Jan Hiemstra skoorde sneon yn Harns tsjin Zeerobben. Hy wie sa bliid, dat hy syn sjurtsje útluts en in giele print krige.
Dat sjurtsje útlûken dat fine wy mar neat. Dêr hawwe wy grutte argewaasje oan. Hoewol, soms fine wy dat it mar wol wêze moat. Lykas
hjir.

Ôfhelsjinees?
Noch efkes geduld en dan hat Wommels syn eigen ôfhelsjinees. In soad Wommelsers sjogge dernei út. Wy fan de SDS-webside hawwe de primeur fan de earste foto fan dizze ôfhelsjinees.

Sambal by????????

Je fine wat út!
As der op sneontejûn net folle te rêden is, dan moat je wolris wat oars dan nei de kroech om dom te sûpen. Inkelde SDS’ers krigen sneontejûn it wondere idee om mei syn allen in kleurboek derby te pakken en ûnder it genot fan in pilske moai te kleurjen. Wy binne benijd nei de rissultaten.
Photograph
Mark en Henk Postma, Gerlof Veldstra en Gerlof-Jan drok oan ’t kleurjen. Gerlof liket like snel kleurje as drafe te kinnen en jout it teken dat hy klear is.

Mear?!
Hawwe jimme noch wat, mail it dan nei
info@vv-sds.nl!