Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
26 maart 2005
Wepperkes -tiisdei-
29 maart 2005

Ferslach Waterpoort Boys – SDS 1
Op de webside fan Voetbalnoord is in kreas ferslach te lêzen fan de wedstriid fan ôfrûne sneon. Klik hjir om it te lêzen.

SDS C1
Klaas Pompstra hat wer in ferslach makke. Hy is tige komplimenteus oer YVC.

Jim kinne it hjir lêze.

 

Omkocht

It omkeapjen fan skeidsrjochters stiet tsjintwurdich aardich yn de belangstelling. By SDS hoege je soks net te prebearjen. Jan Strikwerda, Enne J. Bruinsma en Sjoerd Postma binne foar gjin gehakbal om te keapjen.

Dan moatte je it dus oars besykje.

Yn de wedstryd SDS 5 tsjin Mulier 4 waard dúdlik by wa’t de Wytmarsummers oan de doar west hiene. In libbens grutte kâns foar iepen doel  flak foar tiid waard mist troch in spiler fan SDS dy’t earder yn Wytmarsum spile hat.

Neffens de tige betroubere tsjûge Popke Wijnia krige de bewuste spiler (T.de J. te Lollum) nei ôfrin in slúf mei ynhâld.

Popko koe ús melde dat hy wegere hat in bierke oan te nimmen dy’t betelle wurde soe út dy slúf. Hy hat sels oanbean om in neier ûndersyk yn te stellen. Dat ûndersyk is dus yn fertroude hannen.

SDS3 

SDS 3 hoera, hoera ûnder dy titel steane der stikjes yn de Treffer oer SDS 3. Yn de kommende Treffer fan freed, dy’t yn folle kleuren ferspraad wurde sil, steane ek wer wat stikjes. Jim kinne se ek lêze at jim hjir klikke.

Programma SDS 2
It hiele programma foar de rest fan it seizoen fan SDS 2 is bekend. Moarn kinne jim it hjir besjen. Hâld yn elts gefal Himelfeartsdei/Befrijdingsdei frij. De lêste wedstriid fan it seizoen is op 14 maaie. Hjirby is de neikompetysje net meirekkene. 


Utgeanstips
Peaskemoandei is tradisjoneel de dei fan aaipop. Wy meie der wol fan út gean dat tal fan SDS-ers it paad nei Nijlân fine kinne en hopenlik ek werom.
Neist in protte kunde, in protte bier, in protte hamburgers is der ek muzyk. Bands út Fryslân lykas it yn Easterein tige bekinde Sebeare spylje dêr. Klik hjir foar de rest fan it
programma


Ek nijsgjirrich is de hûnetentoanstelling yn Ljouwert. Mooglik dat dêr fluch kursussen binne foar hûne eigners om te learen de hûn op de goeie plakken skite te litten.

 

Foar fuotballeafhawwers is der yn Snits in topper. Om 17.00 oere spilet ONS tsjin Harkemase Boys. De earste wedstryd waard wûn troch ONS.

 

Agenda
Der stiet wer in folslein nije agenda op dizze side. Wy helje der efkes út de wedstryd fan SDS A1 en SDS3 . Sy spylje tiisdeitejûn om 18.15 oere in thúswedstryd foar de kompetysje.

Iepensteande fragen
Noch altyd binne wy der net efter wa’t de doelman en de spits wie yn dit filmke. (klik
hjir om it filmke nochris te sjen)

En fansels ferwachtsje wy in protte (goeie) antwurden op de bynamme fraach.
Bynammen binne yn de sport gjin útsûndering. Wa wurde bedoeld mei de folgende nammen:
Boom boom
de Professor
Floppie
Goudhaantje
Jerommeke
Olifantje
Pluisje
Zwarte tulp

Jim kinne kieze út:
Boris Becker
Diego Maradona
Floris Jan Bovelander
Jeroen Blijlevens
Laurent Fignon
Marco Pantani
Ruud Gullit
Yvonne van Gennip

Hawwe jim mear nijs of tips dan kinne jim it maile. info@vv-sds.nl