Wepperkes -tiisdei-

Poule-yndieling finales Midwintercup 2005
10 januari 2005
Kenniskwis
11 januari 2005

Fraach fan ‘e wike
Ûnder Lykle Bleekveld wurdt altiten hurd traint. De kilo’s fleane der, yn de foarbereiding op in nij seizoen, dan ek ôf. Yn de winterstop binne de kilo’s der samar wer by. Sjoch mar op dizze foto.

Fan wa is dit ôftrainde lichaam? Mail it antwurd nei
info@vv-sds.nl. De winner fertsjinnet in bierke sneon yn ‘e Trije.

Futsal: SDS 2 ferlies krekt.
SDS 2 mocht juster foar it earst dit jier wer los foar de kompetysje. Sy moasten juster nei Staphorst te fuotbaljen tsjin ZVVS. It 2e futsalteam ferlear wat ûngelokkich mei 7-6. 2 minuten foar de rêst stie SDS noch mei 3-1 foar. Dochs rêden de Staphorsters it om tot in rêststân fan 3-3 te kommen. SDS spile op ‘e counter en ZVVS hie it dreech om it spul te meitsjen. Dochs kamen sy de twadde helte hieltiten 1 doelpuntsje foar en sa wie it 7-6 doe’t de skeids offluite.
Doelpunten: Dirk Yde (3x),Skelte, Marten en Mark.
(Mei tank oan Mark Postma)

Welke SDS’ers gean nei Newcastle?
It docht bliken dat aardich wat SDS ‘ers fan doel binne om nei Newcastle United – SC Heerenveen te gean. Ek Pieter Kamstra, Frans Pyter Terpstra, Jacob Veldstra, Ivo Donath, Wesley Hoitinga en Rinse Joustra geane der hinne. Sy hawwe al in reis boekt mar hawwe noch gjin kaarten en plak om te oernachtsjen. As dat mar goed komt. Welke SDS ‘ers geane der noch mear hinne?

Oefenje
SDS 1 sil jûn oefenje tsjin VV Heerenveen. Wy binne benijd nei de útslach.

Útsteld en ynlast
De futsalwedstriid fan SDS 1 tsjin ONT/CHZ fan kommende freed is útsteld om ’t beide ploegen sneon wer los moatte yn De Trije. Foar folgende wike is der foar SDS 1 in wedstriid ynlast. Sy moatte tiisdei 18 jannewaris út nei Workum. Hiel tafallich moast SDS 1 foarich jier ek de earste wedstriid nei de Midwintercup tsjin Workum. Doe ferlear SDS……

Stjêrgefal
Wy krigen in soad mailtsjes binnen fan klupminsken dy ’t melden dat harren klup ek nei de finales gienen fan de Midwintercup. Sa krigen wy ek in mailtsje út Bûtenpost. Helaas krigen wy justerjûn let noch in mailtsje. Bûtenpost sil sneon net meidwaan oan de Midwintercup. In spiler fan Bûtenpost is dit wykein om it libben kommen. Rachid Ouro Agora, in jonge asielsiker die al in tiid yn Butenpost wenne en trout wie mei in Bûtenposter frou, is in syn bertelân Togo (Africa) ferûngelokke.
Wy winskje eltsenien yn Rachid ’s omjouwing in soad sterkte ta mei it ferwurkjen fan dit ferlies……..


Hardegarijp yn plak fan Bûtenpost
No ’t Bûtenpost net meidocht oan de Midwintercup sil heechstwierskynlik Hardegarijp hun plakje ynnimme.
Yn poule 10 waarden de Golden Oldies 2e yn ‘e poule. Dit betekent dat wy no alle ploegen hawwe. Klik
hjir foar de folledige yndieling.

Horecafuotbal
Wa ’t snein net yn ‘e sporthal west is by it horecafuotbal kin hjir dochs efkes in ympresje krije fan hoe dat der oan ta giet. Klik
hjir.(mei tank oan www.sabetocht.nl)

Shirt Gerlof Veldstra
Foar it Sabetocht-shirt fan Gerlof Veldstra(SDS 3) is noch altiten net folle belangstelling ûndanks dat de opbringst nei Azië giet. Lês op de webside fan Sabetocht hoe ’t je hjir oan komme kinne.(
www.sabetocht.nl)

Gjin trainen
SDS 2 hie fannejûn gjin trainen. It fjild yn Wommels wie te min en wurdt sparre foar de training fan tongersdei.