Wepperkes -tiisdei-

SDS League: Pieter Kamstra bliuwt koprinner.
2 november 2004
Tom hat in broerke!!
3 november 2004

SDS 2 wint 1e periode?
SDS 2 docht it mar knap yn ‘e Reserve 1e Klasse en stean op in 2e plakje efter Urk 3. Der binne 8 wedstriden spile dus je soenen sizze dat sy krekt nêst de 1e periodetitel gripe. No giet der allinne praat dat 3e alvetallen yn de Reserve 1e Klas net promoveare mei en dus ek gjin periode pakke kinne. Urk 3 wint dus net de periode, dus soe SDS…….. Dit hinget noch fan HZVV ôf. Sy moatte noch in wedstriid tsjin Zeerobben ynhelje. As HZVV dizze wedstriid wint pakke sy de 1e periode en oars giet hy nei SDS 2. Sneon spilet SDS 2 syn 1e wedstriid fan ‘e 2e periode thús tsjin …..HZVV.

Patat mei?
Op in snein hie Marco Hoekstra wol nocht oan wat iten en kaam ta it beslút om ris yn in krease snacktent te iten. Fanút Easterein net fier riden, freonlik personiel en hearlik iten. Hy bestelde in Mexicano mei pindasaus en in patat sûnder om dochs noch in bytsje om de lijn te tinken. De Mexicano wie gau klear dat Marco koe begjinne. It smakke him poerbêst. Hy wie súnich mei de pindasaus sadat der ek noch wat foar by de patat hie. Dat tocht hy tenminste. Doe ’t hy syn earste stikje patat troch de pindasaus helle spruts de eigner Marco oan. Dit wie fansels net de bedoeling. De pindasaus wie foar by de Mexicano en woe hy dat ek by de patat hawwe dan hie hy dit bestelle moatten. Marco hat bot prate moatten om net út de saak setten te wurden. Wy hawwe it derop dat Marco hjir net gau wer in patatsje sûnder bestelle sil…..
 
Nei syn eksuses oanbean te hawwen krige Marco syn patat wer.
P.s. Om privacy redenen binne de hollen ûnherkenber makke.

SDS-side 2 jier!!
Tongersdei is ús webside jierdei. Wy binne dan 2-jier yn ‘e loft. Wy moatte der tidens de kenniskwis tongersdeitejûn yn de fuotbalkantine mar efkes 2 op drinke.

Oefenje foar de Kenniskwis
Om te oefenjen foar de kenniskwis kin je it beste efkes op ynternet sjen. By dizze websides kinne je lyk begjinne mei de oefenjen:
*
Voetbal International 
*
Voetbalkenners

Sigarebantsjes
Ja, dêr binne je no moai klear mei. Sigarebantsjes. Ien fan ús leden siet er suver fan yn de put. Want no koe der dat moaie skrift mei sigarebantsjes nimmen mear sjen litte, want foar it it witte wurde je der foar opakt of noch slimmer deastutsen. Om it leed wat goed te meitsjen in kykje fan sigarebantsjes út 1958. Graach net fertelle oan de warenwetlju. Doe wiene der sels sporters op de bantsjes te sjen.

Terreinfeint
It docht bliken dat ús terreinfeinten ek sûnder pet dúdlik te herkennen binne as terreinfeinten. Sa lit Harm Bergsma dúdlik sjen dat hy graach meane mei.



Leuke link
Hawwe jimme noch leuke links foar op de SDS-side, mail se dan efkes nei
info@vv-sds.nl.

Kerry of Bush
Op dit stuit binne de ferkeizings yn de VS. It is net maklik om te foarspellen wa’t wint, neffens buro de Hond&deKat. Dochs haw ik it idee dat Bush wint. Werom sjoch
hjir.

Wat moat je sizze?
Nei sa ’n treurige dei as hjoed wit je net sa goed mear wat je sizze moatte. Fokke en Sukke ferwurdsje dit moai (Klik
hjir).