SDS League: Pieter Kamstra bliuwt koprinner.

Wepperkes -moandei-
1 november 2004
Wepperkes -tiisdei-
2 november 2004

Pieter Kamstra bliuwt koprinner yn de SDS League al hat hy wol selskip krigen fan Hey Ho Let’s Go(WW). Hey Ho Let’s Go pakt hjirmei ek de wykpriis om ’t hy ien punt mear pakte as Pieter. Wat wolle je ek mei sa ’n team:
Moens(WII),Touzani(TWE), Filipovic(ROD), Wielaert(NEC), Di Tomasso(UTR), Van der Vaart(AJA), Landzaat(AZ), Van Bommel(PSV), Kuijt(FEY), Huntelaar(HEE), en Knopper(VIT).

Opfallend is dat 6 fan ‘e 7 wykprizen oan ’t no ta yn de top 10 fallen binne. Allinne de winners fan de 1e wykpriis(Robert Sybesma en Te Plak(A en PW) steane net mear yn ‘e top 10. Te Plak stiet sels 52e.

Durk Okkema slûpt de top 10 binnen. Hy giet fan 13 nei 8.

Zero Tolerance(BvdW) en AC Adema(CA) donderje út de top 10. Sy sakje hân yn hân fan 7 en 8 nei 14 en 15.

The Butchers fan LB hawwe noch net folle fan hun heare litten. Net ûnbegryplik want dat gehak bliket nochal min foar de earen te wêzen????(doch it lûd fan ‘e komputer oan en klik
hjir).

OKB (SS) stiet noch altiten stiif ûnderoan.

Groeten, Willem.

De nije stân kinne jimme hjir fine:
wike 7