Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
26 april 2004
SDS League: De Ideale Elf
27 april 2004

SDS4
De middensirkel fan fjild B is danich skeind troch it optreden fan in skeids. Sjoch by senioren, SDS4, Wedstrijdverslagen.

Nederlânsk kampioenskip Reserve-elftallen
Yn it radioprogramma “Langs de lijn” hienen sy it fannejûn oer “het eindtoernooi om het Nederlands kampioenschap voor Reserve elftallen”. Dit wurdt op 15 maaie yn Drachten hâlden. Drachtster Boys waard hjiryn neamd as yn fan de finalisten. Wy krigen hjirtroch ferskeidene mailtsjes fan ûngerêste supporters fan SDS 2. Sy wienen benaud dat SDS 2 de wedstriid tsjin Drachtster Boys 2 op papier ôfdien hie. Wy kinne jimme gerêststelle. Dit giet oer de kampioenen yn de Reserve-hoofdklassen(û.o. SpakenBurg 2, Quick Boys 2 en Drachtster Boys 2) en net oer de bekerkompetysje. Wy hoopje dat Drachtster Boys 2 hun dêr hielendal op rjochtsje dan geane wy as SDS 2 foar de beker(woansdei 5 maaie de heale finale: SDS2-Drachtster Boys 2 om 19.00 oere yn Easterein).  

Littens en SDS
Ofrûne sneon wie it drok yn Easterein. In protte belangstellenden fan hein en fier. Aardich is ek dat hieltyd mear lju út Littens en Winsum en omkriten komme te sjen. Oarsom wurket it ek. Snein wiene der mear as in hanfol echte SDS-ers yn Littens. Sy seagen Littens mei Egbert Bootsma winnen.
hspace=0 Ald SDS’er Egbert Bootsma
draait in knap seizoen by Easterlittens 1.


Donny nei Frankryk
SDS 2 moat it foar de rest fan it seizoen stelle sûnder Donny Okkema. Hy fertrekt per direkt foar ûnbepaalde tiid nei Frankryk. Foar welke klub hy fuotbaljen giet is net dúdlik. Wy ferwachtsje it dizze wike per SMS te fernimmen.

Bolswardia-SDS
By SDS is eltsenien drok oan ‘e gong mei de wichtigste wedstriid fan dit seizoen; Bolswardia-SDS. In soad minsken hawwe wol kunde yn Boalsert en probearje at sy de útslach beïnfloedsje kinne. Sa koenen jimme juster lêze dat American Base syn âld-papier net mear oan Bolswardia ôfstiet at Bolswardia wint. Ik sil der foar soarchje dat Sjoerd Feenstra út Boalsert de SDS League net wint at Bolswardia wint. Sa kin eltsenien syn stjintsje bydrage oan ‘e winst fan kommende sneon. Wy krigen ek in ferdacht mailtsje út Boalsert. Jimme kinne der moarn mear oer lêze.
(Op wat foar manier drage jimme jimme stjintsje by? Mail it nei
info@vv-sds.nl)

Auke oefenje foar de Slachtemarathon??
Samme Overal hat ôfrûne sneon syn debút makke as flagger fan SDS 2. Lieder Durk Okkema hat hjir syn redenen foar. Welke is ús allinne noch net hielendal dúdlik. Samme draaft in soad en at efterste man Auke Hiemstra him byhâlde moat dan hat hy in hiele kluif. Auke kriget hjirtroch al wat mear lucht en kin him miskien asen mjitte mei de spitsen fan Drachtster Boys 2. Mocht dit al misgean dan kin hy altiten noch de Slachtemarathon drafen gean.